Piter Boersma

Foaropwurd ensafh 24

logo.ensafh

Poezy

Jaen set stoef troch, dus yn dizze ôflevering al wer in “Frysk’ gedicht, ‘Grutsk in Fries te wêzen’: ‘… / It wie ien fan dysimmers dat der / fammen fan it Bilt wiene dy’t Freule- / winner Joop Bierma goed koene en /…’.

Op syn weblog lit Cornelis van der Wal sa no en dan witte dat erwurket oan in nije bondel. Yn novimber 2009 is al in gedicht fan nije risping publisearre op ensafh yn ôflevering 17. En no yn dizze ôflevering ôflevering wer ien, it gedicht ‘Uixachetecatl’: ‘Ik soe ta har yngean op de berch Uixachetecatl, / ….’… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd 23

logo.ensafh

Poëzy
Ruurdtsje de Haan
giet stoef troch mei it skriuwen fan gedichten by wurk fan de ferneamde, yn Ljouwert berne grafikus  M.C. Escher (1998-1972). Yn dizze ensafh it gedicht ‘Sjoch yn de kom’: ‘Hoe fertekent ljocht de tiid,/sjonge fûgels in moarnsliet.’
Fan Jaen stiene op ensafh al de engazjearre gedichten ‘Fryske beweging’, ‘Fryske froulju’, Mare Frisiscum’ en ‘Fryske skriuwer’, no konfrontearret se de lêzer mei ‘Fryske soarch’.

Kabouters
Yn ’e jierren 1969-1974 wiene yn Nederlân (Amsterdam) de Kabouters aktyf. It wie in beweging om de ferneamde provo’s Roel van Duijn en Robert Jasper Grootveld hinne. Yn 1970 hellen de Kabouters 5 sitten yn de Amsterdamske gemeenteried.… Lês fierder

A. IJ. van den Berg

In debutante yn it byntliif

logo.ensafh

It wie in goed idee fan Tineke de Jager – van der Zee om in boek te skriuwen oer de Dokkumer froedfrou Catharine G. Schrader [1656 – 1746]. In fraach is foar my al oft de romanfoarm dêr ta wol de bêste mooglikheden biede koe.

Catharine G. Schrader har namme libbet ek hjoeddedei noch altiten fierder, troch in nei har neamde stichting. Dy hat ta doel om de kennis oer de kreamkunde te befoarderjen. Har rom tanket se oan har praktykdeiboek, dat bewarre bleaun waard, en in hiel rike boarne is fan details oer berten yn ‘e achttjinde ieu. Miskien wol de iennichste boarne.… Lês fierder

Piter Boersma

It Fryske literêre libben (2): It paad fan de Moanne

logo.ensafh

It tydskrift de Moanne is fuortkommen út Trotwaer. Wie der earst in literêr tydskrift, no is der – sa’t it yn it kolofon omskreaun wurdt  – it ‘algemien-kultureel opinyblêd (mei Trotwaer, literêr tydskrift sûnt 1969)’. Wêrom’t dat lêste, tusken heakjes pleatste, der noch by stiet? It sil wêze om it histoarysk bewustwêzen fan de lêzers yn stân te hâlden en om de bûtenwrâld net út it each ferlieze te litten of der sels fan te oertsjûgjen dat de literatuer ta de kearn fan it blêd heart. Mar ja, út hoe’t it blêd oantsjut wurdt kin allinne mar opmakke wurde dat de literatuer de ûnderlizzende partij wurden is.… Lês fierder

Edwin de Groot

Niks net koart op ‘e siken!

logo.ensafh

Mei syn bondel Neigeraden it Noarden hat Eppie Dam bot yndruk op my makke.
‘String tematysk en ienkinnich griis’, sa wurdt dizze foargonger fan syn nije bondel Blausucht troch de útjouwer Fryske Pers Boekerij omskreaun. No, dat grize hat my aardich rekke. Moai griis is ek griis, no. It makke my nijsgjirrich nei de opfolger.
Neffens de tekst op it omkaft fan Blausucht hoech ik no net te rekkenjen op string tematysk en ienkinnnich griis. ‘Blausucht hat de bûntens fan in keppel hoantsen. De dichter skriuwt oer syn relaasje ta tiid en ferline.’ En ja, it earste gedicht ‘Hoantserid’ lit oan kleur neat te winskjen oer:

Hjir liet in skilder syn palet
en groeiden út ’e ravaazje
fan kleuren tûzen fearren.
Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Poëzy nei oanlieding fan it aaisonnet fan Koos van der Sloot
(Yn novimber en desimber 2009 en ek noch begjin dit jier hat op ’e ensafh-side it keunstwurk ‘sonnet’ fan Koos van der Sloot stien. Klik hjir. It is eins in byldsonnet, want it is makke fan lege aaidoppen dy’t pleatst binne yn ’e foarm fan it klassike Petrarcaansk sonnet.
De redaksje noege besikers fan ’e ensafh-side út om mei it keunstwurk fan Van der Sloot as formele basis in sonnet yn wurden te skriuwen.

Wy krigen fjouwer ynstjoeringen binnen, twa dêrfan, Ruurdtsje de Haan en Heidi ha har hielendal of hast hielendal oan it foarlizzende skema hâlden.… Lês fierder

Piter Boersma

It Fryske literêre libben (1): It Skriuwersboun opdoeke?

logo.ensafh

It is nuver as immen dy’t krekt sels witte litten hat dat er ophâldt mei skriuwen dêrnei as foarsitter fan It Skriuwersboun fuort ek mar in fraachteken set by it fuortbestean fan It Skriuwersboun. As Koos Tiemersma ophâldt fan skriuwen, wêrom soe it der dan ek oan ta wêze dat de wrâld ophâldt fan draaien?

Koos Tiemersma wol sels net mear en sjocht der sels gjin gat mear yn. Myn reaksje is dan alderearst: as it safier is mei immen, moat er him weromlûke en plakromje foar oaren en net as folgjende died suggerearje dat wat dêr’t er by belutsen is ek mar better ophâlde kin.… Lês fierder