Jacobus Q. Smink

Griis is it burd fan de bard

logo.ensafh

In protte doetiid stiet der yn dit neikommerke; nei mear as tweintich jier ferskynde fan ’t jier de lêste poëtyske rispinge fan Joop Boomsma (* 4 augustus 1945 yn De Rottefalle) by Fenus yn Vrjentsjer: De klaai is griis novimber. Tweintich fersen (eins achtentweintich) ferspraat oer sa’n fjirtich siden, dat is de bringst. It boekje is grien en ienfâldich foarmjûn troch R.R. van der Leest, de húsgrafikus fan dizze útjouwerij. Meitsje dy mar klear foar in nustje nostalgy fan d’ âldman, want yn it lêste fers ‘Dreame fan letter’:
(…)

Ik waard 60 hjoed
en dat is mear as ik ferwachte
doe’t dit fers him skreau
en ik fûn dat it sa wol ta koe,
dat it eins wol moai west hie,
dit libben.
Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Earst dit. De redaksje fan ensafh lokwinsket Anne Feddema fan herten mei it takennen fan de Gysbert Japicx-priis 2009!

Dan:

It hat in simmerlang duorre, faaks te lang, mar it is safier. Der stiet wer in nije ôflevering online.

Heidi en Edwin de Groot drage in gedicht by. Heidi is útskroeven oer ‘barnstien’. ‘Roomske monolooch’ fan Edwin de Groot, mei dêryn de rigel ‘Al draait om ús, Galileo Galilei!’ hat al yn de papieren ensafh nûmer 4 stien, mar is dêr spitigernôch net goed ôfprinte. Dêrom hjir no nochris. Ek no noch net sûnder wryt of slyt, yn de earst strofe rinne noch twa rigels oer nei de folgjende rigel, dat hat te krijen mei de bledspegelbreedte, it is net oars.… Lês fierder

Rieuwert Krol

Iensume bylden of bylden fan iensumens – Oantekenings oer de resepsje fan Sjoerd Spanninga

logo.ensafh

Der is net in protte skreaun oer de dichter Sjoerd Spanninga. Wat der al skreaun is bestiet foar in grut part út resinsjes. No’t yn 2007 troch Jabik Veenbaas en Abe de Vries mei de blomlêzing Indian Summer in kar út it dichtwurk fan Spanninga makke is, is it nijsgjirrich en besjoch in pear mieningen oer dizze noch altyd net goed te pleatsen poëzij.

Yn it stik ‘Spanninga en it kwea’ (yn Identiteit en kowesturten) skriuwt Abe de Vries dat it hiele dichterskip fan Spanninga ta in skyld wie fan syn skrutene hâlding foar de wrâld oer. Syn hâlding wie neffens de Vries in loyaliteit oan de muze.… Lês fierder

Jelma Knol

Eelkje Tuma skriuwt yn Noard-Sweden oer jonge froulju dy’t har eigen takomst bepale

logo.ensafh

De twadde roman fan Eelkje Tuma, Paadwizer, ferskynde yn juny yn de rige Fryske Modernen. As lid fan de kommisje dy’t de boeken yn dizze rige útjout, ha ik de ferskillende fersys fan dizze roman yn wurding lêzen. Piter Boersma wie de begelieder fan Eelkje. Omdat Eelkje sûnt 1992 mei har man, de skriuwer Mikael Niemi, yn Noard-Sweden wennet en se mar in inkelde kear yn it jier werom is yn Fryslân, socht ik har op foar in petear oer har wurk yn Ie.

eelkjetumadsc00782

Eelkje Tuma skreau har debútroman, Leafste lea (1996), doe’t se al yn Luleå wenne. Se kaam yn dy hoeke fan Noard-Sweden, ticht by de grins mei Finlân telâne doe’t se yn de einfaze fan har stúdzje kulturele antropology siet.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Dit is de lêste ôflevering fan ensafh foar de simmerfakânsje. De folgjende ôflevering, nûmer 13, ferskynt op 12 septimber. Dat wol net sizze dat der gjin beweging op ensafh wêze sil. De trochrinnende rubriken Teleks, Meidielings, Poadium, Blogfragminten sille wol hieltyd ferfarske wurde. Dat de hiele simmer is der op ensafh likegoed fan alles te rêden; even op ensafh sjen sil dêrom yn ’e simmermoannen alle kearen wol wat opleverje.
Sa sil oant healwei augustus op Poadium, krekt as oant no ta, om ’e pear dagen in nije ôflevering ferskine yn ’e rige Wa wint de GJ-Priis 2009?. Healwei augustus binne dan alle foar de priis yn oanmerking kommende bondels yn ’e etalaazje set.… Lês fierder

Piter Boersma

By keunstwurken (besprek fan ‘As wurden slipe wurde’ fan Josse de Haan)

logo.ensafh

De Amerikaanske dichter William Carlos Williams hat yn 1963 in bondel útjûn mei de titel Pictures from Brueghel and Other Poems. Yn syn neiwurd by de blomlêzing út Williams syn wurk Even dit giet de oersetter, de dichter Huub Beurskens, yn op de oantsjutting ‘Pictures from Brueghel’: ‘Steldeik wel de goede vragen? Pictures from Brueghel – moest die titel wel worden gelezen als ‘Schilderijen van Brueghel’? Zou het woord ‘picture’ hier niet veeleer moeten worden gelezen als betrekking hebbend op de gedichten in plaats van op de schilderijen? Dus als ‘beelden’, ‘plaatjes’ of ‘voorstellingen’? Zoals het voorzetsel ‘from’ wellicht niet (alleen) moet worden geïnterpreteerd als ‘afkomstig’ van maar als ‘gebaseerd op’, ‘naar aanleiding van’ of iets dergelijks?… Lês fierder

Rieuwert Krol

Hokker doel tsjinnet de tradysje? – Oer de wurdearring fan de Fryske poëzij

logo.ensafh

Op rubryk ‘Poadium’ fan ensafh (‘De wurdearring fan poëzij fynt plak yn ’e diskusje – oer De spegel en Het goud’op 31 maart 2009; sjoch ûnder Auteurs) skreau Abe de Vries in polemysk stik oer de diskusje oer de twade, útwreide printinge fan De Spiegel van de Friese poezie. De Vries syn krityk op de gearstallers fan ‘De Spiegel’ is dat se gjin ferantwurding fan har kar yn de bondel opnommen hawwe en dat de diskusje oer de Fryske poezij dêrtroch net stimulearre wurdt.�
In diskusje sa as Abe de Vries dy wol is moai en nedich. Dat der troch de gearstallers net iens besocht is om in fatsoenlike ynlieding by har kar te skriuwen seit eins al genôch.… Lês fierder