Hidde Boersma

Pier Boorsma: in Fryske Bohemien

logo.ensafh

Pier Boorsma, (20 x 20 cm, acryl op canvas), troch Klaas Lageweg
Pier Boorsma, (20 x 20 cm, acryl op canvas), troch Klaas Lageweg

‘De kommende fiif jier sille der fiif boeken fan my útkomme,’ fertelt Pier Boorsma yn syn Grinzer wente, ‘elk jier ien.’ De earste sil in bondeling wêze fan Fryske sosjalistyske poëzy en oer in jier as fjouwer sil syn fjirde gedichtebondel it ljocht sjen. ‘Ik skriuw myn gedichten meast yn tritich sekonden. Mar ik sil fan ’t simmer foar it earst in hiele nacht oan in gedicht wurkje. Dat bin ’k no fan doel.’ Pier Boorsma is de skriuwer fan trije dichtbondels, Neidagen fan in keamerhear (1971), Under frjemde wetten (1978), Net allinne genôch (2005) en de meigearstaller fan de blomlêzing Spiegel van de Friese Poëzie (1e pr.Lês fierder

Froukje Sijtsma

HFTCH krt frhln fan Ate Grypstra: in oansprekkend jongereinboek

logo.ensafh

HFTCH is de debútbondel fan Ate Grypstra, wêryn’t fyftjin koarte ferhalen opnommen binne. Grypstra publisearre earder proaza en poëzy yn De Moanne, Hjir, Farsk en op syn eigen weblog. As dosint Ingelsk is hy oan it Lauwerscollege yn Bûtenpost ferbûn. Bytiden sit er sels ek noch wolris yn de skoalbanken as dieltiidstudint Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins.

It omslach fan dit jongereinboek lûkt fuort al de oandacht. De digibeten ûnder ús sille it boek earst in kwartslach draaie moatte om in smiley, dy’t in knypeach jout, te ûntdekken. Dizze foarm fan berjochtsjes oerbringe, past goed yn de digitale wrâld fan Msn Messenger en sms, dy’t in soad learlingen yn it deistich libben brûke.… Lês fierder

Rieuwert Krol

Om wat foarfallen is – Oer Angel fan Tsead Bruinja

logo.ensafh

Tsead Bruinja hat twa dichtkarriêres. Ien yn it Nederlânsk mei Dat het zo hoorde (2003), Batterij (2004) en Bang voor de bal (2007), en ien yn it Frysk mei De wizers yn it read (2000), De man dy’t rinne moat (2001), Gegrommel fan satyn (2003) en Gers dat alfêst laket (2005). Net allinnich is de taal in ferskil ek de toan, de styl en ûnderwurpen binne oars yn it Frysk as yn it Nederlânsk. Miskien wie dat in ûntwikkeling dy’t no ta in ein kommen is mei de lêst ferskynde bondel Angel. Hjir liket de oersetting in oare (taal)ferzje fan itselde gedicht te wêzen en net mear.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Dit is de sechsde ôflevering fan ensafh-digitaal.

De ôflevering iepenet mei de sechsde ôflevering fan it poëzyprojekt fan Andries Miedema. Hy hat fan it ferhaal ‘De laatste reis van de Nyborg’ fan J. Slauerhoff hieltyd parten yn komprimearre foarm yn gedichten fongen, dy’t er hieltyd foarôfgean lit troch in stikje tekst fan it oarspronklike ferhaal. Yn elke ôflevering wurde in tal gedichten + proazatekst jûn. De eardere ôfleveringen stean yn ensafh 1-5.
De twadde poëzybydrage is fan Edwin de Groot. Yn it gedicht ‘Ald reed’ soe er, mar giet er werom.

Fêste meiwurker Jouke Hylkema hat it yn syn altyd op aktualiteit weromgeand ferhaal dizze kear oer de stân fan ’e fiskerij, krekter sein oer de stân fan saken yn ’e ielfiskerij.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Dit is de fyfde digitale ôflevering, de earste dy’t net mear op ’e âlde Farsk-side ferskynt. Wy binne bliid dat de nije webside fan ensafh no einlings online is.

ensafh is it nije tydskrift dat ûntstien is út de fúzje fan ynternet-tydskrift Farsk en it op papier ferskinende tydskrift Hjir. ensafh sil jierliks op ynternet 20 ôfleveringen útbringe en op papier 7 nûmers.

Ynhâldlik sille de digitale en de papieren ôfleveringen fan inoar ferskille. It is dêrom de muoite wurdich om in abonnemint te nimmen op ensafh-op papier. Sjoch dêrfoar ûnder it menu

Abonnemint.

Yn dizze ôflevering wat de poëzy oangiet in boartlik fers fan Hindrik Spin en it ferfolch fan de publikaasje yn ôfleveringen fan in projekt fan de dichter Andries Miedema.… Lês fierder

Edwin de Groot

De Divina Commedia fan Dante oerset yn it Frysk

logo.ensafh

It jier 2009 is al aardich op streek. De maaitiid mei alle fuortplantingsargewaasje lit him wakker sjen en wat die ik? Ik lies oer hel en faaiefjoer yn De Godlike Kommeedzje, de Fryske oersetting fan Dante syn La Divina Commedia.

Yn ’e earste helte fan de 14e ieu beskreau Dante Alighieri mei dit epos yn trije ‘skiften’ fan elk 33 gedichten (canto’s) syn spirituele reis troch de hel, it faaiefjoer oant en mei syn reisdoel: de himel. Elke canto bestiet út foech 100 terzinen (trijerigelige strofen).
3, 33, 100: foer foar de getallesymbolisten. De trije as symboal foar de Hillige Trije-ienheid, 33 wie de leeftyd fan Jezus doe ’t er stoar en 100 is in getal dat perfeksje symbolisearret.… Lês fierder

Hidde Boersma

Ik wit net hoe’t ik yn Harns in akster roppe moat

logo.ensafh

portret Sytse Jansma - Klaas Lageweg

Sytse Jansma reizget fan ’t oerwâld nei de stêd

In jier as njoggen lyn rûn Sytse Jansma mei syn kammeraat Sito Wijngaarden op ’e Foarstreek yn Ljouwert. Se hiene doe ûngefear it folgjende petear:‘Hasto wolris heard fan Hjir?’
‘Dat is in literêr tydskrift, dochs?’
‘Ja, sille we derhinne?’En sa bedarren Sytse en Sito yn Wiuwert by Piter Boersma fan
Hjir yn syn kantoarke. Se hiene yn dy tiid in website dêr’t se wat wurdboarterijen op setten.
‘We lieten him de website sjen, en dat wie echt …,’ laket en skodhollet Sytse, sûnder it fierder te typearjen. It dichtsjen wie begûn as puberale boarterij, ‘út ’e gein wei’.
Lês fierder