Inge Heslinga

Wêr binne de lêzers?

logo.ensafh

Leit de Fryske literatuer oan de beäzemingsapparatuer? Is it net beskamjend dat Frysktalige literatuer net útjûn wurde kin sûnder finansjele ynjeksjes fan de provinsjale oerheid? Wêrom lêze wy eins Fryske literatuer, as wy faak bettere Nederlânske of Ingelske literatuer lêze kinne? En is it noch wol ‘cool’ om Frysk te lêzen? Op woansdei 10 oktober organisearre Stichting Litteraire Activiteiten Leeuwarden (SLAL), tegearre mei de útjouwerijen Bornmeer en Friese Pers Boekerij, yn debatsintrum De Bres yn Ljouwert it sympoasium ‘Wêr binne de lêzers?’.

Under lieding fan SLAL- en Omropmeiwurker Geart de Vries waard diskusjearre oer de problematyk fan de weromrinnende lêzersoantallen yn ’e Fryske literatuer en waard besocht in antwurd te finen op de fraach hoe’t sa’n ûntjouwing tsjinhâlden wurde kin.… Lês fierder

A.IJ. van den Berg

In boek dat knarsen bliuwt as in te gol ynstruid grintpaad

logo.ensafh

Elske Schotanus hat yn har earste roman in prinsipiële kar makke, dy’t har geweldich beheint om wat te sizzen. Dat is skande. Ik ha der gjin aardichheid yn om fuortendaliks te sjen hoe’t in skriuwster harsels yn ’e foet sjit, om dan noch in hiel boek mei kreupelje te moatten.

No is dit in debút, en safolle romandebuten komme der net út yn Fryslân. Dus hat in tydskrift as Farsk de plicht hast wol om der omtinken oan te jaan. Yn in riker literatuerklimaat hie ik dat faaks net dien. Ek al om’t ik my wat sjanteare fiel troch de skriuwster om dit dochs in ymposant boek te finen.… Lês fierder

A.IJ. van den Berg

Horror vacui, en de leechte dy’t Mulder ús achterlit

logo.ensafh

Faak al waard de ûndergong foarsein, mar it Frysk is noch altiten yn libben. Douwe Tamminga hat dit ferskynsel de ’taaiheid fan taal’ neamd, en dizze frase waard begearich troch de politikus Bertus Mulder parafrasearre yn ’e titel fan dit bondeltsje. Tolve jier hat Mulder foar de PvdA deputearre west fan ’e provinsje Fryslân. Yn syn portefeuille siet altiten kultuer. Dit boekje jout ûnder oaren in oersjoch fan wat er yn dy tiid berikt hat.

No bliuwe talen miskien wol ûnferwacht lang bestean, de wurden yn sa’n taal kinne noch wolris subtyl fan betsjutting feroarje. Tsjintwurdich sjonge se op syn bêst yn it âldereintehús noch wolris oer de “Ouwe taaie”.… Lês fierder

Foaropwurd 101

logo.ensafh

Foaropwurd 101

freed 12 oktober 2007

As jo as Farskredaksje nei it op papier ferskynd feestnûmer 100 trochgeane mei wer in ‘gewoan’ nûmer dan wurdt dat 101, logysk. Mar… is 101 wol sa gewoan? In bytsje ynternetsykjen nei dat sifer smyt hiel nijsgjirrige ûntdekkings op:

101 bestiet út ienen en in nul: krekt de beide sifers dêr’t alle kompjûter-programmeartaal út opboud is, de digi-taal dus.
Foar wa’t (by)leauwe wol yn goeie (foar)tekens is 101 dus in prachtich logysk en symmetrysk nûmer om as ynternettydskrift wer digitaal mei útein te setten. Mei Farsk 100 -ek al folslein yn ‘goeie’ digitekentaal, wa leaut noch yn tafal?-… Lês fierder