
de titelroazen op it bultsje bloeie
de stoarm skuort fûl oan it giele folkje
mei blidens sjoch ik dat se fleurich dûnsje
sinneglâns ja en der driuwt ek in wolkje… Lês fierder

de titelroazen op it bultsje bloeie
de stoarm skuort fûl oan it giele folkje
mei blidens sjoch ik dat se fleurich dûnsje
sinneglâns ja en der driuwt ek in wolkje… Lês fierder

by it slikjen fan dyn poes
moast ik ynienen
(net dat ik it woe ofsa)
tinke oan ús mem
sei altiten
mei útslaand lûd
katten bin’ smoarge bisten
dertsjinyn bringend
poezen bin’ o sa
skjin op harsels
gau trochslikjend
betocht ik my
wie it wol faker ûniens mei ús mem… Lês fierder

op it lege strân hearde ik in bern
laitsjen, ús soantsje smiet wer
boartlik in bal omheech
do kaamst derby
sloechst dyn earm
leafdefol om my hinne
ik seach dyn langst
de jonge dy’t dyn oanwêzigens
net opmurk, rekke betize
yn it letter dat wy sels foarme hiene
in fersplintere libben
elk op syn eigen paad… Lês fierder

stietst dêr ynienen
ik wie yn in opstiging
mar dêrmei o sa wolkom
as fykjend yn in swolm
mei dêrachter yn it neonljocht
heite, noait hie ik tocht
dat de febo it dekôr soe
fan dit leafdesgedicht… Lês fierder

frijheid gelykheid bruorskip is in idee
yn jins klûs kin men der wat moais fan bakke
de wrâld yn wurdt men gewaar hoe’t it wurket
wurden dêr’t machtigen jin mei ferlakke… Lês fierder

Piter Boersma
Ik begjin mei trije sitaten:
Sitaat ien:
‘Wa’t it net sjoen hat, kin him net foarstelle hoe’n protte yntime, heimsinnige en romantyske poëzy de keunstner yn dizze ienfâldige holle lein hat. De pinsielstreken binne hast te sjen, sa as op in protte fan syn skilderijen, de kleurskakearingen binne net fel of yntins, mar krekt oarsom tige sêft en tige ynhâlden, it docht hast griis oan, mar it is folslein fan harmony.’
Sitaat twa:
‘En omdat gjinien it seit, sil ik it mar sizze: dit skilderij is perfekt fan tekening, perfekt fan foarmjouwing. Hat it publyk wol troch hoe dreech it is om mei kleuren foarm te jaan?… Lês fierder

hy woe net
achter de pûst
boppe komme:
dus mei de lift
nei flier 20
it wie om’t ik
net leauwe woe
dat er fleane koe
hy soe
dat mei syn sprong bewize
syn prachtsprong
einige op tegels
seach ik wat
wjukwapperjend
omheech kaam
en sûnder groetsjen
yn de fiere loft
ferdwûn… Lês fierder