Geart Tigchelaar

acedia

logo.ensafh

 

moarnsdage ropt him om grom
by in nije dei fol brein
mei ’t piipjen fan wekker

fakânsje sûnder werklik
útsjoch en ’e skamte fan
it net wêzen wolle
ropt him om grom

altyd warber lykje foar it
alsjend each fan de machtige
buorman achter geraniums

net it ferfelen mar it net
meitellen ropt him om grom… Lês fierder

Syds Wiersma

Krúspunt

logo.ensafh

 

Ik stean foar it rút en sjoch dy
foar my út in wrâld oer stekken.
Shirt fan krekt meand grien, wyn
yn ‘e rôk, giest foar grânzjend
ûngeduld fan auto’s lâns nei wêr’t
men inkeld krûpend komme kin
en bekoarre wei komt. Ik wol dy
roppe, leau myn eigen stimme net,
mar likemin de trage reedlikheid
dy’t seit dy gean te litten. Ferdwynst,
ferkear lûkt op. Ik sms in feale
blyk fan wêr’t it hjir om giet. … Lês fierder

Bartle Laverman

op fleugels

logo.ensafh

 

somtiden kin ik sa feroarje:

ik kin fleane!

net yn gedachten
mar mei in fielsum fleugelliif.
ik strûs hjir sa it dakrút út
omheech

ik bin net bang:
ik bin it sels dy’t fljocht
en rêstich leit te sliepen
tajûn, dat hat wat raars

lemstra pisset bij de buorren
dêr strúnt ien bij aukje’s ruten
en gjin hûn dy’t ta de oarder
roppen wurdt

sa kin ik oeren sweve
earst om de toer
dan heger nei de wolkens
en nei de fraach:
de hichte of werom

as waarme dream
lis ik neist dij te sliepen
en foar it sjongen fan de wekker
lit ik mij fan de himel falle:
ik sjoch dij graach.… Lês fierder

Rein de Lange

sms

logo.ensafh

 

sy iepenet himel en ôfstân
loft draacht lyts har wurden
satelyt nei satelyt

toan fan ferbining
sykje ik gau it boadskip
by keunstmjittich swartljocht

ik ferskik ûngemurken
myn besette hert rjochting har
azemje in oare waarmte

fan it yntime momint
dat sy oan my tinkt; har fingers
op myn namme; sa tichtby… Lês fierder

Anske Smit

Nii Libben

logo.ensafh

 

Hylpen, nei feartin-achttin
Pykolo by Hotel Buijs
Saedelmeikjen en Stoffearje
yn Waerkum
By Robyns, yn ’t fôrbygaen
de jûnge baes Frederik
yn de workplaets
’t Hylpers leare.
Mear as feartich jier
trou oen dyn
swarte Gazelle,
gek fan Saksefoan-spyljen,
betjoend tróch
útsniide hoalten
seamearminnen,
oertuugd Mennist,
Lójael Passyfist
só Raa as in Krael
in neaderigen Man.
Sómmerdei
sende-temôrns
mei dy oen de haend
rón’de nei de Bouhúzen,
yk sitte op de Panne fan
’n aalden eenassige
róstigen maeibalke,
de Hyngst – in likjen Kedde –
betôt yk der sem al fôr.
Dû keekst
langút lizzend
yn ’t lange gers
mei in sónnigen
ferwûndering nei my.… Lês fierder

Jetze de Vries

Eilânman

logo.ensafh

 

In man leit mei syn bêste each nei de muorre, syn bline each waakst
as oerspande soldaat, droege skulpen bin ferjitten hoe’t rûzjen
sjongt – miskien driuwt der in deidream lâns, yn rustreade boat
heupheech yn in plasse, ik druk op de knop by de papegaai
skrikst op troch ûnbekende hannen, in iepen
mûle heakket oan it lêste fleis
hjir driuwt myn heit … Lês fierder

Heidi Andringa

Kyrië-eleison

logo.ensafh

 

In moai ferhaal en kear op kear
wer prenataal om ’t jier op alle dagen.
Sillich feest fan kearend ljocht,
hillich de faam dy’t drage mocht,
it neakene, it teare.

Megasintraal: mei mear en mear
wer oan ’e haal, it leit as lead op magen.
Billiket baatsucht leugenljocht?
Om it tredde laam nimmen tocht;
folfretten frede beare.

Ald krystkoraal ferwurdet klear
sjongsum fan taal, trochtrillet alle lagen.
Besibjend tankjen byinoar brocht.
Dy’t thús kaam om de oaren socht,
hy pleistere op ’t seare.… Lês fierder