Jacobus Q. Smink

wat dochst sa deis

logo.ensafh

 

 

as bart der nachts neat,
is der oerdeis in oseaan
fan ferfeling en tiid, ja
eigen baas is wat der mei giet

mar lis dat mar ris út
oan ien dy’t te stûf foar god
arbeidet, foar it slyk
fan d’ ierde en de hege dyk

nei de nijsgjirrige nacht
earst kofje en krante, in ein
iisbeare mei de kop foardel

dan de dyk út mei fier
de holle heechop de wyk yn
en winkelje, mei fan god… Lês fierder

Bartle Laverman

op it matsje

logo.ensafh

 

 

stel M. wie in moanne letter
stoarn
hoe hie er syn Requiem
dan ôfmakke
wie it al klear
yn ‘e kop?
wêrom mocht er it
net even delskriuwe
wat binne dy pear dagen no
op in ivichheid
ferdomme
kin ek wol janke
om al dat oare wurk
dat der net kaam is

wêr is dat bedarre !?

sa by ús
dy net-skreaune roman
fan Tr.

wat binne dat foar grappen!… Lês fierder

Bertold Brecht, Jacobus Q. Smink

Alles…

logo.ensafh

 

 

Alles feroaret. Op ‘e nij begjinne
Kinsto mei de lêste snik.
Mar wat barde, is bard. En it wetter
Datst yn ‘e wyn jittest, kinsto
Der net mear út wei skinke.

Wat barde, is bard. It wetter
Datsto yn ‘e wyn jittest, kinsto
Der net mear út wei skinke. Mar
Alles feroaret. Op ‘e nij begjinne
Kinsto mei de lêste snik.

Oersetting: Jacobus Q. Smink

Alles…

Alles wandelt sich. Neu beginnen
Kannst du mit dem letzten Atemzug.
Aber was geschehen, ist geschehen. Und das Wasser
Das du in den Wein gossest, kannst du
Nicht mehr herausschütten.

Was geschehen, ist geschehen.… Lês fierder

Edwin de Groot

Paris freed de 13e 2015

logo.ensafh

 


 

As blêden yn in novimberstoarm
ha se belies jûn op it terras
stiet in jonge plysjeman hy eaget lyts
yn syn stoere kûgelfrije fest

in kollega komt by him stean
hy brekt syn triennen falle
sa as lytsjild of winkelweinmuntsjes
pardoes út ‘e broeksbûse weirinkelje kinne

hy moat nei hûs ta skilje
nimt syn leafste op
binn’ de bern wol thús

in dei letter komt in heit
mei syn lytse soan op TV ta einbeslút
dat de kweageasten gewearen hawwe
mar wy blommen en kearsen

it is te hoopjen dat de lytse plysjeman
yn syn stoere kûgelfrije fest
thús in selde treast oerkommen is… Lês fierder

Reinold van Oevering

Der Mensch ist, was er isst

logo.ensafh

 

By de yngong fan de supermerk
trof ik in âld mantsje,
fan wa’t ik wist dat ús heit him kend hat.
Hy droech in pet en in bril,
as wienen it fermommingen.
Oarspronklik kaam er út Skraard,
dêr hat er buorke.

Ik koe net op de namme komme,
wifeljend bleau ik stean,
hy kaam op my ta.

Goeie, sei ik, hoe is’t mei jo?
Wy binne der noch, antwurde er.
Is dêr alles mei sein? frege ik.
Ik bin wat âlder as dy.
Jo binne in jier of santich?
85! Dan ha je de measte bôle wol iten.

En ynienen wist ik de namme wer:
Bakker, Hindrik Bakker!… Lês fierder