Henk van der Veer

Doad en begraven

logo.ensafh

In’e digitale LC fan 21 jannewary las ik un stuk/ferslach fan Maria del Grosso over de toekomst fan’e toekomstege begrafplakken. Maria was bij un lezing fan Wim van Oort, landelek spesialist in begraafplakken weest.
Dy begraafplakken mutte der fòlgens Van Oort in’e toekomst anders. Ik haal un passaazje an út ut ferslach.

‘Alles om de aandacht op je begraafplaats te richten. Tegelijkertijd moet je ervoor zorgen dat een kerkhof meer is dan alleen begraven. Maak er een uitnodigende multifunctionele omgeving van. Zorg dat er naast begraven de mogelijkheid is om as uit te zetten, dat mensen er kunnen genieten van de natuur, dat er herdenkingsactiviteiten als lichtjesavonden zijn, dat mensen er even een rondje kunnen lopen om tot rust te komen of te mijmeren of herinneren en dat ontmoeting mogelijk is.’Lês fierder

Dirkje Brouwer

Gouden blokjes steapelje oant de moanne

logo.ensafh

Yn tsjustere tiden is der altyd noch sokssawat as fantasy. Kinst altyd ferdwine yn moaie of spannende ferhalen, mar sels yn fileine fantasy kin in sprankje hoop sitte. Nim no bygelyks mines. Ik krige sa’n fantasy doe’t ik ús krystbeam ôftúgde. Mei weemoed seach ik nei in brekber sulveren glânzjend robotsje en tocht even werom oan de tiid dat myn soan noch fjouwer wie. Syn hier noch blond en mei kroltsjes. Noch gjin bûgel, mar molketoskjes sa moai op in rige en no is de tiid foarby flein en wol hij gamedeveloper wurde.
Mei dit takomstbyld foar eagen dwaalden myn tinzen fierder ôf nei it nije jier en – sa kin dat gean yn dyn holle – tocht ik ynienen oan Trump en Musk, dy’t oait ek lytse jonkjes west hawwe.… Lês fierder

Giny Bastiaans

Dûse

logo.ensafh

Ja, sy wie der wer. Ik seach it. Se hie wer dûst. Grouwe dize hong yn de klaaikeamer fan de sportskoalle en ik rûkte har yn earste ynstânsje mear as dat ik har seach. Myn longen kamen fuort yn protest tsjin de rook fan goedkeape fioeltsjeslucht.

Troch de dize hinne seach ik har sitten. Breedút op it houten bankje, alhiel op har gemak, bliid dat der einlings ien yn ’e klaaikeamer kaam dêr’t se tsjin prate koe. Har eagen bleaunen hingjen op myn treningsbroek. ‘Sit dat no noflik?’ frege se, ‘Sa’n strakke legging foar it sporten?’ Ik fûn fan al, mar ik sei neat, want dan hearst ien oan te sjen.… Lês fierder

Jemke Visser

Eartiids wie alles better?

logo.ensafh

Dêr ha ik noait folle mei hân. Mar de lêste tiid bekrûpt my wolris it gefoel dat der njonkenlytsen hieltyd mear is wêrby’t dat wol sa is. Nim no de ôfrûne âldjiersnacht, yn ’e goedichheid, wêr binne we yn belâne? Mar likegoed, wat hiene wy eartiids sels dien as it sa maklik wie om oan sok lûd fjoerwurk te kommen?
Wy diene it mei karbid yn ferveblikjes, mei in gatsje yn ’e boaiem. Even wat flibe op ’e karbidbrokjes … sssss … deksel der stevich op, blikje op ’e grûn, foet derop, lúsjefers of oanstekker foar it gatsje en pang, dêr rôle it dekseltsje mei in knaltsje – in knal koene je it amper neame – oer de strjitte.… Lês fierder

Anne Feddema

It is wat!

logo.ensafh

Lokkich nijjier, lêzers. Sûnens en leafde winske foar de tiid dy’t der noch foar jo reservearre is op dizze wrâld, want tsjintwurdich kinne je der perfoarst net wis fan wêze oft je der moarn noch binne. No is der neat nijs ûnder de sinne fansels, je kinne samar op ien of oar momint dea delfalle. Sykte, ûngelokken ensfh., folje mar yn, top trije fan dea yn Nederlân … hoppetee, op ’e bulte fan statistyske listjes by de top 2000. Noch in lêste, kremearre oaljekoek en by eintsjebeslút … oant nea wer.
As dat net in fleurich begjin fan 2025 is? Steatslotterij, Freonelotterij?… Lês fierder

Henk van der Veer

Snekers

logo.ensafh

Foarech jaar wurdde ik seuventech. Nòch 30 jaar der bij en ik kan de ‘eeuw fan mij’ skriëve’, mar òf ik ut doën? Histoarys besef hew ik wel, seker an ut end en ut begin fan un nieuw kalenderjaar.

Ik hew so wie so wat met kalenders, ik brocht in desember myn derde foto-poësy-kalender út. In Sneek wurde dy kalenders deur bedriëven & su graach kocht. Un moai relasygeskenk foar onder andere op ’e wee see. Ik bin gyn selfbenoemde stadsdichter, dat hewwe anderen deen. Ut groate públyk gaf dy titel deur de públikasy’s fan de kalenders en de fersen dy’t in ’e openbare rúmte hangen.… Lês fierder

Giny Bastiaans

Twa jonges en ien Stikky

logo.ensafh

Ik woe in eintsje om. In frisse noas helje. Eefkes fierderop stie yn in foartúntsje in jonge man yn fytsklean nei de grûn te sjen. Hy hie de helm noch op, fyts oan ’e hân. ‘Bist wat kwyt?’ frege ik.
Hy kaam oerein, die de helm ôf, helle in hân troch syn krolhier en seach my oan. Ik koe him wol, hie him gauris troch de strjitte fytsen sjoen. Die my altyd wat oan ús J tinken. Selde wize fan fytsen ek.
‘Nee,’ sei er, ‘dat net. Mar der leit hjir in swarte kat.’
‘Wat is der mei dy kat? Oanriden?’… Lês fierder