Henk van der Veer

Snekers

logo.ensafh

Foarech jaar wurdde ik seuventech. Nòch 30 jaar der bij en ik kan de ‘eeuw fan mij’ skriëve’, mar òf ik ut doën? Histoarys besef hew ik wel, seker an ut end en ut begin fan un nieuw kalenderjaar.

Ik hew so wie so wat met kalenders, ik brocht in desember myn derde foto-poësy-kalender út. In Sneek wurde dy kalenders deur bedriëven & su graach kocht. Un moai relasygeskenk foar onder andere op ’e wee see. Ik bin gyn selfbenoemde stadsdichter, dat hewwe anderen deen. Ut groate públyk gaf dy titel deur de públikasy’s fan de kalenders en de fersen dy’t in ’e openbare rúmte hangen.… Lês fierder

Giny Bastiaans

Twa jonges en ien Stikky

logo.ensafh

Ik woe in eintsje om. In frisse noas helje. Eefkes fierderop stie yn in foartúntsje in jonge man yn fytsklean nei de grûn te sjen. Hy hie de helm noch op, fyts oan ’e hân. ‘Bist wat kwyt?’ frege ik.
Hy kaam oerein, die de helm ôf, helle in hân troch syn krolhier en seach my oan. Ik koe him wol, hie him gauris troch de strjitte fytsen sjoen. Die my altyd wat oan ús J tinken. Selde wize fan fytsen ek.
‘Nee,’ sei er, ‘dat net. Mar der leit hjir in swarte kat.’
‘Wat is der mei dy kat? Oanriden?’… Lês fierder

Henk Nijp

Tsjustere dagen

logo.ensafh

It like der earst op dat it wol in knappe dei wurde soe, alteast foar ein desimber. Mar in bytsje wyn en noch drûch ek, dat soe foarearst noch wol sa bliuwe neffens de waarapp. Wol behoarlik griis. Gjin wolkje oan ’e loft dus, mar ek gjin sinne. Tsja … kom dêr ek ris om yn sa’n winter. Yn ’e buorren wie it lykwols allegear ljocht. Fan de krystferljochting: fan wit-hoe-hege krystbeammen oan flaggemêsten, oant rindieren yn ’e foartún mei wanskepen krystmannen op sliden derefter, en iispegels en stjerren oan ’e daksgoaten. Ek yn ’e hagen of yn ’e keale kastanje- dan wol bjirkebeammen allegear ljochtsjes.… Lês fierder

Lara Kool

De lêste tocht (III)

logo.ensafh

III

Krekt foar Warkum begûn it te snijen. Ik koe it iis net sa goed mear sjen, dat ik ried yn in skuor en wankele gefaarlik. Krekt foardat ik falle soe, stuts Gabe my de hân ta. En dy hat er net mear loslitten. Ik tink net dat der oaren wienen dy’t it sa waarm hienen as ik op dat stuit! De wrâld like stil te stean. As sieten we yn in sniebal fan glês. It wie in mearke gelyk.
Allinnich sûnder in lang en lokkich ein. Hoe tichter we by Ljouwert kamen, wat drokker, wat mear minsken en wat ûnrêstiger Gabe waard.… Lês fierder

Anne Feddema

Net rjocht by de tiid

logo.ensafh

In bytsje keunstner hat fansels in krupsje dy’t him, har, of it, yn ’e wei sit. No haw ik der noch hieltyd muoite mei om mysels KEUNSTER te neamen, mar ik haw al in krupsje dy’t my op dit stuit behoarlik yn ’e wei sit. Efkes kort troch de bocht: ik haw in gat yn it tromflues fan myn rjochterear en bin der ek aardich dôf oan. No wolle jimme witte: hoe is dat kaam Feddema? Of net, kin ek no? Net fierder lêze dan, mar dan misse jimme al in ‘ûngelokken-yn-en-om-it-hûs-horrorferhaal’. It wie freedtemoarns, njoggentweintich novimber, op myn atelier. Ik wie hiel betiid al yn ’e sportskoalle en hie dêr ek dûst.… Lês fierder

Lara Kool

De lêste tocht (II)

logo.ensafh

II

It wie oarloch, it jier dat ik 16 jier wurden wie. It jier dêrfoar hie der ek in tocht west, mar doe wie ik te jong. No mocht ik dan einlings wol meidwaan! Ik wie sa optein! Reedride wie myn lust en myn libben. Us pake hat it my as lyts famke leard en al gau koe ik de jonges út de heechste klasse byhâlde. Lange slaggen meitsje, de earmen op ’e rêch, de holle leechmeitsje. Hearlik fûn ik it. Us heit wie der net wis fan, hear, in famke allinnich en dan sa’n lange tocht! Ik moast ek noch krekt yn spertiid op ’en paad.… Lês fierder

Lara Kool

De lêste tocht (I)

logo.ensafh

I

Krekt foar krysttiid! En wetterkâld! Hoe betinke se it!! As soe in minske fan myn jierren net iensum genôch wêze yn dizze tiid fan it jier. Ik hie hope dat it net safier komme soe, in âldereintehûs, mar no is it al sa. Doe’t wy it nijs ferline wike hearden dat der lang om let plak foar my wie, hie ik noch hope dat ik it miskien net helje soe. Wol dus, spitich genôch. Dêr stean ik. Yn in doarp dat net myn eigen is, foar it grutte, wite gebou, dêr’t ik gjinien ken, mei safolle ruten. Ruten dy’t ferblomje moatte datst wol nei bûten sjen kinst, mar dêr nea wer by hearre silst.… Lês fierder