Abe de Vries

Falske start op in ferkeard plak

logo.ensafh

Ik fyn it moai dat Babs Gezelle Meerburg yn har stik oer Tjitte Piebenga yn Farsk 106 besiket om syn dichterskip wat better del te setten as dat se yn Zolang de wind van de wolken waait dien hat. Minder moai is lykwols dat se dêr in nuvere ferdraaiing fan myn essee oer Piebenga syn poëzij foar noadich hat (‘Fergetten pommerant’, Farsk 79), en noch minder moai is dat soks yn in In memoriam foar de dichter stiet.

Neffens Babs soe ik úthâlden hawwe dat resinsinten en literatuerhistoarisy ‘it wurk’ fan Piebenga ‘oer de holle sjoen hawwe’. Nim my net kwea ôf, mar ik hie it net oer ‘it wurk’ — ynklusyf proaza —; ik hie it oer syn poëzij.… Lês fierder

Babs Gezelle Meerburg

In Duit yn it Ponkje. In Memoriam Tjitte Piebenga

logo.ensafh

In warber man
Piebenga wurdt op 12 augustus 1935 berne te Frjentsjer. Fanwege ‘politike sitewaasjes’, sa’t er sels skriuwt (bio- en bibliografysk oersjoch, Tresoar) – wennet er fan 1945 oant 1947 by syn omke Douwe Tamminga en muoike Sjouk te Snits. Yn Frjentsjer docht er de MULO, yn Ljouwert de Rykskweek en Mariënburg.

Yn 1951 debutearret er yn De stiennen Man. Dêrnei (1953) skriuwt er bernetoaniel De reis nei de glêsberch. Yn 1957 sjocht de bibliofile útjefte Sonnetten van de smalle waan it ljocht. In jier letter ferskynt Fersen foar Marida. It komt út yn de Reiddomprige by Utjowerij Laverman, spesjaal bedoeld foar jonge Fryske dichters.… Lês fierder

Wobbe Atsma

Boele syn beam

logo.ensafh

‘Wat dogge we, in echten of in nepper?’ Boele skrille op út in slûchje. Wie’t no al wer safier? It fûle lûd fan Hidske, dat de fraach as in midswinterhoarn yn syn earen blaasde, tsjutte op de minne tiid. It rûn nei de ein. De demoanen koenen har mar klear meitsje, it tsjuster moast wer belies jaan. It wie net de stim fan syn oare helte dêr’t Boele Haspel troch fan’t sintrum rekke, mar de argewaasje en it gesoademiter fan de hjeldagen op kommendewei. Hy krige fuortendaliks lêst fan it soer. De noflike lange jûnen hoegden om him net mei in griemmank oan keunstljocht optúgd te wurden.… Lês fierder

Al R.

Desimber

logo.ensafh

Desimber is in moanne dy’t mingde gefoelens opropt. Oan de iene kant moat je je op it wurk in slach yn’e rûnte wurkje om alles foar it ein fan it jier ôf te krijen. Foaral boekhâlders hechtsje der geweldich oan dat alles op ’e tiid ynlevere wurdt. Oan de oare kant is der it foarútsicht op de feestdagen. Of yn alle gefal it foarútsicht op in fakânsje. Foar guon foarmet dy fakânsje it ekskús om it lân út te flechtsjen, dy geane dan meastal op wintersport of nei in fier bûtenlân om oan alle ferplichtings om de feestdagen hinne te ûntkommen.… Lês fierder

Eric Hoekstra

In Fries yn Afghanistan 3.3

logo.ensafh

Dêr sieten oan de iene kant (lofts of rjochts, dat wie net te sjen yn it tsjuster) de seis dy’t wy al kenne: Desiderius Huizinga, Wouter Boskma, Abdul Kinksma, Hendrik van der Balk, Marco Rutario en de Sersjant, dy’t gjin namme hie. De oare seis (lofts, rjochts?) koene net by har yn it skaad stean en wiene fan in lichter alloai. Nettsjinsteande sille wy har oan de ferjittelnis ûntkrije want de genede is ek foar it mindere ornearre. Dêr sieten:
Fido Simmer, in man dy’t feroardield wie foar it siedzjen fan hate tsjin beskate befolkingsgroepen, in sterke propagandist dy’t by ferkiezingen in protte stimmen krigen hie.… Lês fierder

Koosje Melis

Gala

logo.ensafh

Dêr sieten wy dan, yn ús sjike galajurken. Hiel yn ’e fierte op it poadium stuiteren trije figueren mei kapusjons op ’e holle op en del op de beat fan in pear grutte boksen. De foarste stie demonstratyf mei de rêge nei de seal ta en ek de achterste twa liken har alhiel net te bekroadzjen om de healfolle seal mei publyk. Mei freondinnen H. en J. wie ik op it Fryske popgala yn Drachten. H. hie my earder ûnder ús twawyklikse jog-rûntsje ferteld dat se gratis kaartsjes krigen hie en frege at ik ek mei woe. Dan koe ik dy band ris sjen dêr’t freonen fan har yn spilen dy’t ik noch noait sjoen hie.… Lês fierder

Eric Hoekstra

Midfrysk Goud ii | Durk Linige

logo.ensafh
Bewustheid fan kosmos en oarder

Stjerreswaarm

O stjerreswaarm, waans gloarje ús op de eachsapel fljocht,
is elts fan jimme in sinne dy’t elts in wrâld ferljocht?
Untelbere himelbollen, dy’t myn tinkkrêft lûke,
as wiisbegeartes eagen de stiel-glêd-spegels brûke,
ús tûzenen lit sjen, o romte, o widens, hoe great?
Wat is ús sinne lyts, ús ierdbol is in neat.
Hoe dol is it foar ús each de Molkwei yn te brekken,
ferkjeljend stik fan Him dy’t it útsprate as in lekken.
O ûnbedike romte! O goedens, almacht, keunst!
Hoe tel ûntslûpt de geast himsels, dy’t dit oertinkt?

De komeet

Wat grutsk ljocht?

Lês fierder