Josse de Haan

In ljippenêst mei kikkerts

logo.ensafh

HAADSTIK 10

Yn de âlde sânbak sieten fiif jonges en in pear fammen út de heechste klassen yn in rûntsje. Foar har yn de midden fan it iepen sânfjildsje sprongen wat kikkerts hin en wer yn in kûle. Soms woe ien fan de kikkerts oer de râne springe, mar dan skeat der daalk in skonk nei foaren dy’t him werom trape yn de kûle.
Doe’t De Lytsk tichterby kaam, omdat er nijsgjirrich wie nei wat der barde, seach hy oan it gesicht fan De Jent dat dy him fuortstjoere woe. – Lytse bern en dronken lju, – sei er. Mar de oaren yn de rûnte reagearren net.… Lês fierder

Eric Hoekstra

In Fries yn Afghanistan 1.3

logo.ensafh

– En hoe wiest yn tsjinst dan? As gewoan soldaat?

– Nee, as skerpskutter.

Ja, tocht Desiderius by himsels, lekker boppe yn in beam sitte en de ien nei de oar ûnder dy ôfknalle. Krekt as it foarteam by de polysjonele aksjes yn Yndonesië.

– Moai sa. Dat is krekt wat in opboumisje nedich is.

De skrale man lake, en de walrussnor lake mei. Doe’t se útfrege wiene, sei de man yn reinjas:

– It sit sjesa. De kondukteur hat dy sûnder kaartsje yn ‘e trein betrape en hast ek noch it rút fan it húske fernield. Dat wy kinne dy oerdrage oan de plysje.… Lês fierder

Eric Hoekstra

In Fries yn Afghanistan 1.2

logo.ensafh

Desiderius hâldt de siken yn. De trein hat wylst aardich faasje mindere. Hy moat derút ear’t se him yn ’e kraach fetsje. Hy slacht mei in boartersguodpistoal it rút yn, faget de glêsdiggels út ’e sponning. Allegear stedsljocht blikkert him temjitte, de treasteleaze wenkazernes fan Rotterdam Alexander. Efter him heart er kaaien, gerattel. Hy sit al op ’e râne, ree en spring, as in knûstige hân him by it nekfel kriget:

– Ik soe it net dwaan as ik jo wie.

Seit in swiere stim. Hy sjocht efterom yn it antlit fan in bear fan in fint. Sil er him yn ’e earm bite en ûntsnappe?… Lês fierder

A.IJ. van den Berg

Horror vacui, en de leechte dy’t Mulder ús achterlit

logo.ensafh

Faak al waard de ûndergong foarsein, mar it Frysk is noch altiten yn libben. Douwe Tamminga hat dit ferskynsel de ’taaiheid fan taal’ neamd, en dizze frase waard begearich troch de politikus Bertus Mulder parafrasearre yn ’e titel fan dit bondeltsje. Tolve jier hat Mulder foar de PvdA deputearre west fan ’e provinsje Fryslân. Yn syn portefeuille siet altiten kultuer. Dit boekje jout ûnder oaren in oersjoch fan wat er yn dy tiid berikt hat.

No bliuwe talen miskien wol ûnferwacht lang bestean, de wurden yn sa’n taal kinne noch wolris subtyl fan betsjutting feroarje. Tsjintwurdich sjonge se op syn bêst yn it âldereintehús noch wolris oer de “Ouwe taaie”.… Lês fierder

Eric Hoekstra

Gedichten fan Durk Linige (ynlieding)

logo.ensafh

Rige Midfrysk goud

Yn dizze rige Midfrysk Goud sil ik de achttjinde ieu behannelje. Safolle is der net skreaun yn de 18e ieu. In noflike ûntdekking wie Durk Lenige. By de útferkeap fan de Fryske Akademy koe ik in boekje besette mei as titel De Fryske fersen fan Durk Lenige en oare Makkumers. Der sitte in lytse 100 gedichten fan Lenige yn, dy’t ik by gelegenheid as Linige oantsjutte sil, want sa skriuwt er him by gelegenheid. Fan oare Makkumers sitte der mar in pear gedichten yn, en it is net altyd dúdlik fan wa. It boekje is yn 1969 útjûn, redigearre troch J.H.… Lês fierder

Nanne Hoekstra

Feodaal management

logo.ensafh

By ús op it wurk doarmje aparte lju om.

Lju dy’t allegeduerigen myn dwaan en litten kontrolearje miene te moatten, al ha hja noch net heal foar it ferstân wat ik winliken doch.

Lju dy’t ornaris mei sinleaze briefkehinenwerstjoerderij my fan en harrensels oan it wurk hâlde.

Lju dy’t om it hoartsje wichtige emails fan klanten bedobje ûnder harren eigen berjochten — sûnder útsûndering mei in read útropteken as yndikaasje dat de oanbelangjende kwestje ôfgryslik driuwt — dy’t fol stean mei yrrelevante fragen en healwize oarders.

Lju dy’t jimmeroan ûnmooglike prosedueres betinke en útwrydske automatisearringsprogramma’s ‘útrôlje’ dy’t folle mear tiid kostje as opsmite.… Lês fierder

Marga Claus

Sy pysten un plas…

logo.ensafh

Mei tastimming fan it Fonds voor de Letteren skuor ik my noch ien momint los fan myn wichtige opdracht, yn it kommende jier te folbringen: it skriuwen fan in roman mei in aktueel of boeiend tema, moai fan taal, aanst oanskaft troch alle Frysklêzende Friezen, en leafst ek noch lêzen, want dêr giet it om. Justerjûn [woansdei 10 oktober, red] mocht ik oansitte achter de tafel op in debatjûn yn De Bres yn Ljouwert oer de fraach ‘Wêr binne de Fryske lêzers?’. Der moatte my no, in dei letter, noch in pear dingen fan it hert. En om’t ik skriuwer bin, en gjin sprekker (wat soms even oars oerkomt) doch ik dat leaver op papier.… Lês fierder