Hoewol ’t it bûten noch glûpende kâld oanfielde, bruts de maitiid hjir en dêr dochs troch. It beamkeguod waard, wat wifkjend, al grien. Wy rieden troch de lânsdouwen fan de noardlike provinsjes. En doe’t wy troch de kop fan Noard-Hollân tuften, stiene de hyasintfjilden dêr te pronkjen yn, nei myn idee nochal oerdwealske kleuren, pears, rôze, wyt, giel, blau en allerhande fariaasjes dêrfan. Betide fakânsjegongers, benammen ús easterbuorren mei waarme mûtsen op, stiene manmachtich mids de blomme-ekers om groepsfoto’s dan wol selfies te meitsjen. Dêr koene de bolleboeren mar wer wiis mei wêze. As der dan ek noch in mûne op ’e eftergrûn stiet te draaien, is it plaatsje kompleet.… Lês fierder