Yn it âlde stedsje lizze de boeken te fergieljen achter de finsterruten fan de antikwariaten. In patserige kabriolet rydt troch de nauwe strjitten, benzineroken achterlittend dy’t wol in heal oere hingjen bliuwe. De man achter it stjoer hat in learen pet op en neist him sit sa’n wiif. Jaja, jo moatte de plasse wol tsjin de sinne beskermje en ûnderwilens it ark koel hâlde. De terrassen neist de âlde fêsting sitte bomfol mei minsken dy’t de nije frijheid fiere.
It is monumintedei, in prachtgelegenheid om jo oldtimer te showen. Honoré de Balzac strúnt yn syn muontsepij troch de strjitten. Hy hat fan ien oere nachts ôf sitten te skriuwen.… Lês fierder