It past fansels net byinoar ‘vegan’ en geitewol, mar it feganisme hie in jier of wat tebek noch wat in geitewollensokkerich imago en it is no werklik ‘booming’. Yn 2006 telde ús lân 16.000 feganisten. Fiif jier letter binne der tusken de 50 en 70.000!
Oeral wat yn ‘e fierte mar in bytsje mei in plant te krijen hat, kriget it label ‘vegan’ as dat goed útkomt. En ek dingen dy’t út soarte fan in plant of beam komme, krije dat stimpel opdrukt. Sels hout wurdt tsjintwurdich as ‘vegan’ oanpriizge, mar dat wie it ommers altyd al. Dat is hielendal net nij, mar soe it wêze kinne dat it better ferkeapet mei sa’n etiketsje?… Lês fierder