Der wiene noch krekt twa plakjes frij yn de stiltekûpee. Dat rotterige plak foaryn, dêr’t sels in lyts frommes as ik de fuotten net kwyt kin. En dêr’t je ingtefrees krije troch dat grutte wite lewant deun foar je noas. Mar ik siet droech en waarm en ik sette de tasse mei kadootsjes njonken my op ’e stoel. Der wie oars gjin plak foar.
Ik hearde drokte efter my. Twa froulju besochten tagelyk ús kûpee yn te kommen. De trein wie fol en se woene beide de stoel njonken my ynnimme. De Blonde hie lange earms en treau de oare oan ’e kant, raamde myn tas de stoel út en plofte gau del.… Lês fierder