Giny Bastiaans

Bokkepoatsjes

logo.ensafh

Tsien minuten letter stie ik wer by de kassa. Want ik hie de bokkepoatsjes ferjitten. Ik mei alhiel gjin bokkepoatsjes. Mar ja, myn oare helte fynt se hearlik. Dat sadwaande.
Der stiene twa froulju foar my, beide de karre grôt- en grôtfol.
De iene hie in koart, ôfknipt spikerbroekje oan dat, sa’t myn skoanmem sizze soe ‘de skamte amper bedekke koe’. En se hie der in pear alderaaklikst hege hakjes by oan. De oare stie op rôze sneakers, mei in read learen rokje derboppe. In kombinaasje dy’t ik ek sa gau net betinke soe.
Ik stuts myn bokkepoatsjes opfallend yn ’e hichte.… Lês fierder

Martsje de Jong

Moai yn ’e prizen

logo.ensafh

In pear jier lyn skreau ik in kollum yn de Ljouwerter Krante mei deselde titel as hjirboppe stiet. Net botte orizjineel dus, mar och, as der earne prizen te fertsjinjen binne, is der sekuer ek wat te seuren en sadwaande ek wat te skriuwen. Hielendal as it om literêre prizen giet, want wêr’t de iene jûchheiend op social media de winst omtoeteret, dêr ferskynt fan de oare in grimmitich stik oer sjueryleden dy’t der neat fan begrepen ha.
Dat lêste wol my wol oan, dat tocht ik fan ’t jier ek by it bekendmeitsjen fan de Rely-winners, bygelyks. Want lit ús earlik wêze, ik hie dêr ek by sitte moatten.… Lês fierder

Jemke Visser

Weromsjen

logo.ensafh

Miljarden en miljarden jierren lyn ûntstie it hielal út de Oerknal. Hoe’t dat krekt om en ta gie en wat der dêrnei barde is noch altyd net dúdlik. Dat probearje se no út te finen. In hiele gerêststelling, oars bliuwe je der mar oer pikerjen en hâldt it je miskien út ’e sliep.
It hâldt lykwols in kear op om hieltyd mar gruttere teleskopen te bouwen, sizze de gelearden.
De saneamde ‘waarnimmingsgrins’ wurdt oait berikt en dat betsjut de ein fan ’e kosmology en miskien sels wol fan de hiele kosmos. Mar ek dat duorret noch gâns miljarden jierren, dus tiid genôch om it gers te meanen.… Lês fierder

Anne Feddema

Nuvere streken

logo.ensafh

Okkerdeis wie ik wer ris yn Amsterdam te eachweidzjen. Museum yn en museum út, hoewol’t dat tsjintwurdich hast net mear kin mei al it gedoch fan yntree op tiidslot. Ik seach ûnder oaren de prachttentoanstelling fan it wurk dat Van Gogh yn de lêste twa moannen fan syn libben makke yn Auvers-sur-Oise. Wier in ien-kear-yn-it-libben-ûnderfining want de wurken dy’t út ferskate musea en priveekolleksjes, fan oer de hiele wrâld komme sjogge je nea wer sa by elkoar. In oare kear sil ik nochris oer Van Gogh en it Auverstiidrek skriuwe.
Ik wol no earst mei jimme nei ús Ryksmuseum grôtfol koeketrompplaatsjes.… Lês fierder

Giny Bastiaans

Dennis Wiersma en de fûst op ‘e tafel

logo.ensafh

Ik sit al in pear dagen earne op om te stinnen. Om’t der neffens my eat net kloppet. Mar ik tink somtiden ek wol: It kloppet mei my net.
Dan ha ik wat lêzen op fb of Twitter. Ien makket in opmerking, in oar is it der net mei iens, seit wat, skriuwt wat, begjint wat te skellen, in oar skellet werom en al gau wurdt de sfear hieltyd minder freonlik. Dan wurd ik der somtiden hast bang, mar meastentiids gewoan flau fan.
Flau wurd ik ek fan hieltyd dy stikken yn ‘e krante oer ‘grensoverschrijdend gedrag’. Gauris giet it dan ek oer politisy.… Lês fierder

Jemke Visser

Al siet men de lui, men kent se niet …

logo.ensafh

Dat motto fan de 17e iuwske dichter Brederode (1585 – 1618) krigen taskôgers mei tidens in opfiering fan bygelyks ‘De Spaanschen Brabander’ of ‘De Klucht van de koe’. Net minder bekend is syn ‘Boertigh, Amoreus en Aendachtig Groot Liedboek’. Ut alles wat er yn syn koarte libben skreau en fuortlibjend yn syn liifspreuk het kan verkeren, komt er minslik, wiis en mei de noadige humor nei foaren.
Skriuwer A.M. de Jong eare him yn ‘De Dolle Vaandrig’. Mar dy betiteling wie einliks net terjochte.
Hy wie wol by de Amsterdamse Skutterij, mar sa’n losbol wie ’t no ek wer net. Dat er yn in slide ferdronk nei in doarpsfeest is in fabeltsje.… Lês fierder

Lomme Schokker

Ciao Tsjêbbe

logo.ensafh

Ahhh, Bella Italia… Twa wiken lang in fakânsjehûs oan ’e Lago Maggiore op ’e súdlikste flanken fan ’e Alpen, mei by helder waar útsicht oant Milaan ta, mei yn it wykein net te tellen boatsjes, minuskúl wite fearkes op it wetter. Oan ’e oare kant fan ’e mar, de ‘earmoedige’ Lombardynske kant, rjocht foar ús oer in kantich kastiel op in skiereilân, dêr’t withoelang generaasjes Viscontis en Borromeos gearsieten om te kedizen oer wa fan ’e bern yn in willemoedske takomst mar ris paus wêze moast.
Yntsjes yn stee fan kikkerts, in skud fol swietrokich jasmyn, moarns ier en betiid lawaaiskoppende brommers, fjouwer felgiele scooters by de lytste fan ’e beide bakkers op it doarpsplein – dy mei de segrinige ferkeapster mar wol de lekkerste hompen bôle – in Lottowinkeltsje mei inkeld sneins de Bild Zeitung … En in doarpsbar, mei oan ’e muorren feale foto’s út it doarpslibben fan flak foar en fuort nei de oarloch en, ferdomd as it net wier wie, oan it plafond yn reiden kuorren de sa fertroude Chiantiflessen.… Lês fierder