Dirkje Brouwer

Sa Nederlânsk as in tulp

logo.ensafh

Jierren lyn lies ik it boek de Garnalenpelster en no sjoch ik de skriuwster Nilgün Yerli foar my stean. Yn ’e Koonbeurs dy’t der gelokkich noch is. Ik fûn har boek prachtich. Har boek makke my as tiener wizer en bewust fan saken as diskriminaasje. Doetiids prate ik deroer mei ús mem. Dy sei: ‘Och ja, eartiids waard der sein sa smoarch as in Turk. Dat wie doe hiel gewoan. No dogge we dat gelokkich net mear.’ 

Wat Yerli ûnderfûn, ûnderfûn ik ek yn it lyts en mar foar ien kear. It wie doe’t ik in jier as fjirtjin wie, by gym op de middelbere skoalle.Lês fierder

Dirkje Brouwer

Pyromania! Fjoer jaaaa 

logo.ensafh

Einlings – nei ûngefear fyftjin jier – hat de reklame dêr’t Kate Winslet yn seit: ‘you’re worth it’ fet op my krigen. Ik keapje allinnich net de krêm dy’t se oanpriizge, want hokker krêm oft dat is, bin ik wer fergetten. 

Nei’t ik lêsten noch boarstfiedings-bh’s yn myn kleankast ûntduts, wylst myn dochterke yntusken al wer sân jier is, besleat ik mysels te traktearjen op in pear echt moaie nije bh’s. En as ik tink oan echt hiel moaie bh’s dan tink ik oan Marlies Dekkers en dat is allegear wer de skuld fan skriuwster Heleen van Rooyen. Madam Dekkers is nammentlik ‘dintsjes’ mei Van Rooyen en miskien binne se sels wol soulmates yn harren seksuele frijfochtenheid, en dêr ha se in soad oer praat yn de media.Lês fierder

Jemke Visser Jemke Visser

Snie en it is gjin Dútske auto

logo.ensafh

Der driuwt in wat blau-eftige dize myn tún yn, snie op komst. Fansels net sa folle as yn febrewaris 1979. Dat wie in âlderwetske, strange winter, mar mei ôfwikseljend snie en izel wol wat ritich. Ek al rieden der auto’s op ’e Iselmar en waard der rûnom reedriden, in Alvestêdetocht siet der net yn. Snieskowers sakken op de rûte spontaan troch it iis.
Foar de feroaring ha wy no wol wer ris izel, mar in sniestoarm sa as doe, ho mar, op ’e nij in winter fan neat.
Ik tocht werom oan dy fan 1979 en dêrby tagelyk oan ús earste auto, in reade 2 CV, doe al aardich op leeftiid.… Lês fierder

Giny Bastiaans

It regearakkoart

logo.ensafh

De snie is fuort en it natuerpaad is wer te berinnen. Ik soe krekt dy kant út gean, doe’t ik ien by ús Lytse Bieb stean seach. In jonge frou. Ik moast eefkes neitinke wa’t it ek al wer wie, dy jonge froulju sjogge der sa faak itselde út. Lang blond hier mei ljochtere streekjes deryn. Allegear op dyselde wize knipt en föhnd. Dyselde wynbrauwen, dyselde goudkleurige earbellen, dyselde lange neils. Ik sei: ‘Goeie.’ Sy sei neat werom. Ik besocht it nochris in kear, ien kear in doarpsminske, altyd in doarpsminske, no? Dus: ‘Sit der noch wat tusken?’

Doe seach se om.… Lês fierder

Myrte Marije Veenbaas

Boaiempoëzy 

logo.ensafh

Tekening: Saya Asai

Tekening: Saya Asai

 

Boaiempoëzy 

 

Fjouwer wike foardat ús mem út it sikehûs wei skille en de grûn ûnder myn fuotten weifage waard, rekke ik yn ’e besnijing fan it tema ‘boaiem’.

Earder net: beammen, blommen, fûgels: se komme allegear yn myn poëzij foar, heech boppe de grûn. Myn ferwûndering oer de boaiem kaam pas by myn ferbliuw oan de Waadsee en it waadrinnen: mokselbanken, ûndjippe wetteroerflakken, seekraal – en dat alles koe sa wer ûnder it wetter ferdwine. Ek it avontuer wie oars as wat ik as reedrider en fytser wend bin: gjin bergen of hurde ûndergrûn, mar weisakje yn it slyk. Lês fierder

Jemke Visser

Ferline, takomst en neat fuortdwaan

logo.ensafh

Dêr tinkst yn it nije jier wer wat mear oan. Want de takomst bliuwt, ast wolst as net, boppedat ûnfoarsisber. ‘Meitsje dy net drok,’ wurdt dêrom gauris sein, ‘it komt dochs oars ast tinkst,’
It makket in soad út hoe’tst dermei omgiest. In pessimist sjocht allerhande apen en bearen, wylst in optimist mient dat it allegear wol goedkomt. By de measten is it faaks ôfwikseljend beide, ôfhingjend fan allerhande bykommende faktoaren.
Mar … dochs sitte guon earder yn ’e lytse loege as oaren dy’t wat minder swier op ’e hân binne.
Hoefolle takomst is der noch ast 83 bist? It grutste part fan it libben leit dan efter dy, mar hoefolle tiid is der noch, sitst al yn blessueretiid en hoe giest dêr dan mei om?… Lês fierder

Henk van der Veer

De biddende Wasmasinedòkter út Sneek

logo.ensafh

Se binne fan alle tiden: Gebedsgenezers. Dy luie bliëve, as un gebed sonder end. De earste frijdach fan jannewary dit jaar, was der as un donderslach bij heldere hemel Tom de Wal in Tilburg.

Hij kon ut nyt moaier krije, terwyl orakel Tom un flitsinterview an un ferslachgever fan Omroep Braband gaf wurdde hij arresteard. Tom had fòlgens de gemeente gyn toestemming kregen foar un gebedsbijeenkomst, mar ut lekker tòch deen. Dikke fette mazzel, want de lokale omroep fan ’e Brabo’s het un groat bereik en dêr geile sukke mantsjes as Tom op, ut binne autokraten in ut kwadraat.

False profeten dy’t radeloase minsen foar de gek houwe en ok nòch us geld út ’e búse kloppe.… Lês fierder