Anne Feddema

De strideraasje mei mysels

logo.ensafh

No ja…strideraasje, it falt ek noch wol in bytsje ta, hear. (knypeagjende smiley)

It is net sa dat myn ynderlik oan it fjochtsjen is mei my as in Jakob mei de ingel … ik bedoel mar: myn broer spilet gjin rol fan betsjutting yn dit stik…grapke foar de goed ûnderleine, âldtestamintyske firtuoas.

It hat mear mei it kreative (ik haatsje dit wurd) proses te krijen … de wrakseling tusken deistige realiteit en it werklik op dat stuit meitsjen fan eat (ik sil it mei opsetsin gjin keunst neame want by eintsjebeslút haw ik dêr neat oer te sizzen).

Ik bin immen dy’t jimmeroan op ’e tiid op syn ôfspraken is … neffens guon bin ik sels gauris té betiid.Lês fierder

Giny Bastiaans

Sykje in fint

logo.ensafh

Ha hearlik, ik hie wer ris myn treinferbining mist. Plan P komt dan yn wurking. Op nei de restauraasje. Want dan, ja allinnich dan, traktearje ik mysels op patat mei kroket.
It wie in moaie restauraasje. Noflike stuollen. Moaie muzyk en net te lûd.
Njonken my sieten Friezen om ’e tafel. Se wennen dúdlik op ’e romte want se wiene wend elkoar fan fierwei te beroppen.
Se kamen my bekend foar. Ynienen wist ik it wer. De âldere man en frou hiene lang lyn yn ús doarp wenne. Se wiene sa te sjen ûnderwilens pake en beppe wurden. Dan moast de frou mei it reade hier dy’t der tusken siet, harren dochter wêze.… Lês fierder

Lomme Schokker

Skoufrou tusken twa kanten

logo.ensafh

Alle boeken fan Annie Ernaux, de winneres fan de Nobelpriis foar literatuer, geane oer har frou-wêzen en oer har sosjale komôf. Yn in droech proaza, dat hiel persoanlik is en sljochtweihinne realistysk, filearret sy it libben yn har neiste omkriten en harsels yn it bysûnder.

Har heit moast op syn tolfde as kowehoeder de fjilden yn, wie in hiel skoft fabryksarbeider, begûn letter in doarpswinkeltsje dêr’t in soarte fan kafee, in sûphúske oan fêst siet. De heit, altyd earm, altyd bealgje, nea tiid foar himsels, hie al syn moed op syn dochter, de earste yn de famylje dy’t trochleare soe.

Op it momint dat sy it hûs útgiet begjint se te skriuwen.… Lês fierder

Lomme Schokker

Oranjeread

logo.ensafh

Myn belibjen fan de werklikheid is yn sommige gefallen oars as dy fan de measte minsken.
Sa hawwe wy dit jier in hingelbegoania boppeyn in amphorafaas op ’e hoeke fan ús tún, heal ferskûle efter in reade Japanske acer. It felle oranje fan de frêle blomkes stekt manjefyk ôf tsjin de lykfoarmige bledsjes fan plant en beamke. Us buorlju wurde der alle kearen suver bliid fan as se oer it túnsket dikerje. Ik dêrtsjinoer, mei myn min kleurûnderskiedingsfermogen yn it oranje-read-griene spektrum, sjoch amper ferskil tusken dy blomkes en de bledsjes. No wit ik blinders goed wat ik sjoch, dus dat kin neat oars wêze as myn eigen werklikheid.… Lês fierder

Henk Nijp

Dyk

logo.ensafh

It is wer safier, alles stiet stil en it kin ek noch wol eefkes duorje. De motor kin wol út. In lange stilsteande rigele foar de slachboom en oan de oare kant ek noch gjin beweging, no ja, op it lange gers yn ’e wyn en in keppeltsje krieën nei.
Alle kearen as wy fan Noard-Hollân komme binne wy de klos, en oarsom as wy dêr hinne sille, likegoed. It is krekt as dogge se it derom. It mist eins noait in kear of it moat jûns let wêze. Meastentiids giet it mar om ien skip foar safier’t ik dat fan de auto út besjen kin.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Mingd nijs (2): jild en suertsjes

logo.ensafh

It Skriuwersboun wol mear jild foar de Fryske literatuer. Moai sa, ik wol ek wol mear jild hawwe. Lykwols, as jo dit stik goed lêze, dan falt dizze passaazje op:
Mear ynset fan ynstituten lykas Tresoar en de Fryske Akademy foar de Fryske literatuer, wat ek ynhâldt: mear praktyske stipe foar it Skriuwersbûn troch Tresoar.
Provinsjale erkenning foar de wichtige funksje fan it Skriuwersbûn as belangebehertiger fan skriuwers en oersetters. Om dy taak ek op langere termyn ferfolje te kinnen is in ferheging fan it jierliks subsydzje needsaaklik.
It Bûn slacht himsels dus net oer, wat it freegjen om jild en stipe oanbelanget.… Lês fierder

Anne Feddema

Alde Aldi

logo.ensafh

It komt krekt yn ’e wrâld, alsa hie ik it allegearre meticuleus, in wurd dat hjir  goed op syn plak is, fol eangst  en bangens, útsocht. Ik moast nammentlik op ’en paad mei it iepenbier streekferfier. Alle dagen wer wiene der stakings troch it hiele lân, dan de trein, dan de bus en sa om en om. De woansdei staakten de bussen yn Noard-Hollân, de freeds yn Fryslân, tongersdei dus de bus.
En? … sille jimme tinke, goede lêzers … wêr moast dy Feddema no wer sa nedich hinne , sa wichtich dat it net wachtsje koe?
Dat sil ik jimme fertelle … Hy woe nei in útstalling: Leo Gestel op Mallorca yn Museum Kranenburgh yn Bergen, en dat is gjin Bergen aan Zee en aldergeloks ek net op Mallorca, want om dêr te kommen mei it streekferfier…hâld mar op.Lês fierder