Yn it healtsjuster stie ik by de pompoenen ferwoest de 47ste slak troch te knippen. Ik skrok my sawat in ûngelok doe’t ynienen freon M njonken my stie.
‘Wat dochstû no?’ tettere hy yn myn ear.
‘Dat sjochst dochs wol?’ raasde ik werom.
‘Hoechst net sa te razen,’ sei er fyntsjes, ‘Ik bin net dôf.’
‘Dat bist wol,’ snaude ik werom, ‘mar dêr giet it no net om.’
‘Ik fyn dat neat foar dy,’ sei er, en aaide my oer de holle mei de oprôle krante dy’t er yn ’e hân hie. ‘Oars pakst se altyd sachtsjes op. Dochst de slakken yn in ammerke en dan yn de kontener!’… Lês fierder