Kollum Willem Schoorstra: Jillert Anema 4-ever!

logo.ensafh

You love ‘em or you hate ‘em.’ Of yn geef Frysk: je hâlde derfan of je reitsje der fan yn de skiterij. Dat jildt bygelyks foar in man as Louis van Gaal. Ien fan de bêste trainers yn de wrâld dy’t fuotbal hjit. Louis wit wêr’t er oer praat. Hy is eigensinnich en bewiist syn gelyk troch syn risseltaten. Hy is ûnbedoeld grappich troch syn soms brike útspraken, bytiden bot yn syn omgong mei minsken, agressyf en emosjoneel. Tagelyk is er as in heit foar syn spilers en hat er in hertsje sa grut as in bakkert.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Johan Veenstra: Een verhael in klad op mien buro

logo.ensafh

Achttien jaor laank het d’r een verhael in klad op mien buro legen en daor he’k now eindelik es een keer wat mit daon. Et was indertied bedoeld as radiokollum doe ’k vri’jdagsaovens om de aandere weke kollumnist was in et poletieke pergramme It Wapen fan Fryslân van Eelke Lok. Ik hebbe et now wat bewarkt en et wodt over een peer jaor et laeste verhael in een ni’je verhaelebundel.

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

50 jaar geleden: Fretfersen

logo.ensafh

De tiid, it waerbirjocht, nijsbirjochten, it evangeelje en sels moppen kin men gewaerwurde troch in bipaeld telefoannûmer to draeijen. Oan dit rychje is nou ek poëzij tafoege.

De redaksje fan „Operaesje Fers’’, Meindert Bylsma (26), Josse de Haan (27) en Geart van der Zwaag (43), is fan miening dat in gefoel foar poëzij by bulten minsken latint oanwêzich is.

Lês fierder by de LC

Lês fierder

Blog Hanneke de Jong: Mei de skatsjes fan Twizel nei de skatten fan Tresoar

logo.ensafh

Groep 7 en 8 fan De Oanrin yn Twizel hiene yn de foarige les wurke oan in stikje tekst fan harren ferneamde doarpsgenoate Simke Kloosterman. Yn De Hoara’s fan Hastings skriuwt Simke oer Date syn beppe, dy’t sa moai fertelle kin. Se docht dat yn prachtige, spannende wurden dy’t wy no net mear brûke. De bern mochten in eintsje tekst yn harren eigen wurden opskriuwe. Dat foel net ta!

Lês en sjoch fierder by Hanneke de JongLês fierder

Blog Jaap Slager: Zeg kaas

logo.ensafh

Kenne doch ik de man net. De yndruk dy’t ik op dit webstee wat krige haw, is dat er mient in fin mear as in bears te hawwen, en bytiden wat in bekkert is. Myn eigen biedwurd is mear fan ‘earst tinke, dan dwaan’. Dat … mij hat men gjin kloaten oan as it der op oan komt, seit de frou, want fan dat ‘dwaan’ komt komselden wat op ’e hispel. Ik bin skielk de alderearste dy’t him dea prakkesearret, mient se mar wakker. Nee, as it oankomt op bolwurken opsmiten tsjin de ûntfrysking, is hja fan betinken, dan moat dat al komme fan mannen as Kerst Huisman.… Lês fierder