Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Gerard de Jong

logo.ensafh

“An de ene kant hest ’n onaindig soad tiid en mooglikheden, maar an de andere kant weetst nooit wat d’r op dyn pâd komt.”

Gerard de Jong (1979), haadredakteur fan de Bildtse Post, is troch de Fryske sjuery fan it projekt Oare Wurden / Other Words – it Europeeske útwikselingsprojekt foar skriuwers yn lytse talen – útkeazen om yn maaie-juny 2017 yn de Baskyske stêd San Sebastián te wenjen en wurkjen. De sjuery fûn it skriuwplan fan De Jong literêr nijsgjirrich en tsjûgjen fan in sterke persoanlike driuw.

Wat kinst fertelle oer dyn skriuwplan foar Oare Wurden?
‘Ik bin fan doel om ’n Bildts boek te skriven, ’n novelle met de titel: Blau fan dagen, griis fan onrust.… Lês fierder

Beart Oosterhaven

Amusemintsmuzyk ‘ferdjippe’

logo.ensafh

It duo Dûbeldyk, Anneke Douma en Sytse Haima, de artysten dy’t yn wat no folget op ’t aljemint komme, hawwe allegear in ferline yn ’e amusemints- of stimmingsmuzyk. Harren wichtichste doel wie lang om it publyk yn sealen, feesttinten en op partijen in fleurige, ûntspannende, jûn-fuort te bieden. Op harren jongste albums geane se lykwols stik foar stik fierder as it allinne mar leverjen fan lietsjes foar de ferdivedaasje.

Frysktalige bewurkings
Dûbeldyk bestiet út Atte Dijkema en Hilda Dijkema-Dijkstra. It út Grou ôfkomstige duo liket sûnt april ferline jier live wat minder warber te wêzen, mar stie dêrfoar in goede fyftjin jier lang op allerhanne poadia yn, mar ek bûten Fryslân.… Lês fierder

Joris D. Raven

Wiisdom

logo.ensafh

Wiisdom
(de maris sapientia)

Fregest my net hoe’t it libben
syn guozzeflecht nimme moat
mar moatst dy lokkich achtsje
mei in goed stik yn ’e rêch

Doe wie wiisdom altiten
Boëthius:
Mei de kear rjochting ûngelok
is sels de groanysk ûngelokkige
fan betinken dat er foarhinne lokkich wie

Reizgers binne we
altiten let en och
wêrdat hinne?
Noch sa faak en folle
fannijs opbouwe ferneatigje
sjen fiele hearre rûke priuwe

Wiisdom soe dan wêze
stoarmen ôf te reizgjen
en somtiids skippen te ferbaarnen… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Geart Tigchelaar yn Barcelona (13-02-17)

logo.ensafh

Ek al bin ik earder weromkommen fan myn earste reis, de langst nei it aventoer en de wille fan it fytsen wie dêrom noch net dwêsten. Fandêr dat ik ferline wike nei Spanje flein bin mei fyts en al en de tiisdeis derop ôfsetten bin rjochting hûs. Nei in lytse wike bin ik dan yn Barcelona bedarre. Al bin ik gjin fan fan grutte stêden as ik op de fyts bin, woe ik ek net samar oan Barcelona foarby fytse. Koart om it hoekje sjen. De sfear efkes opsnuve en dan gau op nei it Frânske plattelân.

 … Lês fierder

Bouke Slofstra

Dichtkeunst sûnder keunstdicht?

logo.ensafh

Sa’t de lêzer grif wol witte sil, hat Abe de Vries okkerdeis it dichtwurk fan ’e fergetten skriuwer Marten Hepkes Bakker opdolle. En bondele en ynlaat yn in kreaze giele útjefte dy’t yn it plak kommen is fan it ferjittelboek. By de resinte Fryske literatuerdei hie De Vries al op ’e tekst west oer syn letterkundige ûntdekking. Dat praatsje dêre en de ynlieding fan dizze bondel ûntrinne elkoar net folle, of oars hielendal net.

Marten Hepkes Bakker (1848-1927) skreau ferskes foar blêden soks as Sljucht en Rjucht en De Swanneblommen. Boartlike ferskes, leaflik oer bist en blom, skerp oer minske en maatskippij.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Simke Kloosterman: De Nije Brieven. In Feuilleton (6)

logo.ensafh

Wy geane fierder mei de werjefte fan Arjen H.P. van Tuinen syn blogkes. Hoe’t it ek wer krekt sit mei dizze publikaasjes wurdt yn diel ien útlein. cvdw

De koffer (2)

Bêste lêzers fan dit besletten blochke, kinne jim it wat neikomme? Iksels nauwerneed, mar bin no al wat fleuriger en net sa eangstich mear. Sa’t ik al skreau: dokter hat my nije medisinen foarskreaun, grutte giele pillen, en neffens my begjinne se oan te slaan. Neidiel is al, dat ik wat faker op it húske sit, mar lit dat foar my no krekt in daaldersk meditaasjeplak wêze…

Ik haw aldergeloks net wer fan dy ûnnoflike telefoantsjes krigen.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

In (bemuoierige) portier tefolle

logo.ensafh

Froon Akker (pseudonym foar Koos Tiemersma) kaam derefter dat er noch nea in ferhalebondel skreaun hie njonken in nustje romans, dêr’t er foar Einum de GJ-priis foar krigen hat yn 2015. Dat waard dus heech tiid en mei de sechstjin ferhalen dy’t er yn Ik bedoel mar! ôflevere hat is er dêryn net ûnfertsjinstlik. De ferhalen wurde ynlaat en útlaat troch in âld-kondukteur dy’t ynhierd is troch de skriuwer sels en falle ûnder de titel ‘Portier’.
Der wurdt fuortdaliks ferwiisd nei in ynfalide portier (wat de portier yn dit boek net is) as fingerwizing nei Nooit meer slapen fan W.F. Hermans.… Lês fierder