Beart Oosterhaven

‘Frysker wurdt it net!’

logo.ensafh

Boppesteande wurden, útsprutsen troch Omrop Fryslân-radiopresintator Wim Brons yn it ramt fan ’e wervingskampanje foar de Fryske Top 100 fan 2016, hawwe de lêste tiid in skel wierheidslûd krigen. Lykas bekend (Leeuwarder Courant 4, 7 en 11 maart 2017), waarden tsjin Brons syn kollega’s Gurbe Douwstra, Geartsje de Vries en Willem de Vries dissiplinêre maatregels nommen, om’t se folkssjongeres Anneke Douma meistimd hiene, dat der hieltyd minder Frysktalige muzyk te hearren is op ’e Omrop.
My tinkt, Anneke, Gurbe, Geartsje en Willem hawwe yndied in ‘punt’. Want, hoe wie de sitewaasje foar’t de no sittende haadredakteur Klaas Geert Bakker in pear jier ferlyn yn funksje kaam?… Lês fierder

Jelma Knol

Bonke-Bonkefeart

logo.ensafh

Mei Jan Koster fan Omrop Fryslân haw ik begrutsjen. Echt wier. It sil jo mar oerkomme, al dy sneue berjochten yn de LC en de Volkskrant en op Facebook, oer lekke, te plak sette en op non-aktyf stelde meiwurkers, wylst jo it eins sa goed miene. It ynterview mei Pier Abe Santema, hjoed (11 maart) yn de Ljouwerter Krante, joech in treflik byld fan de sitewaasje. Koster kin allinne mar yn managementbegripen prate. It giet om it belied, no? Jo hawwe mei-inoar in mienskiplike koers útset by Omrop Fryslân en dan past it net om nei bûten ta krityk te fentilearjen.… Lês fierder

Réaltán Ní Leannáin, Janneke Spoelstra

In koarte ynlieding yn ’e Ierske literatuer

logo.ensafh

It âldste skreaune Iersk datearret fan ’e 7de iuw en waard op skrift steld troch muontsen dy’t sawol yn it Latyn skreaune as yn it Ald-Iersk. Neist religieus materiaal, sa’t wy dat sjen kinne yn foarbylden lykas it Book of Kells, hawwe de muontsen ek poëzy, mytologyske ferhalen en wetsteksten opskreaun. Der is in grut korpus fan mûnling trochjûne Ierske myten, datearjend út de izertiid, yn dizze manuskripten opnommen. Dêr binne ferhalen fan fjildslaggen by, en beskriuwingen fan keningen, skiednissen fan boppenatuerlike foarâlden en fan nije ynvaazjes op it Ierske eilân. In soad dêrfan ferwize nei de Fiannaíocht en Rúraíocht, de beskriuwingen fan ’e mannichte oan stammen en hearen op it eilân.… Lês fierder

André Looijenga

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 1, 2017: ‘Éire’

logo.ensafh

Dit earste nûmer fan ensafh yn 2017 hat as tema: Éire. Friezen hawwe wol wat mei Ierlân. Op ien ferhaal en in resinsje nei, bestiet dit hiele nûmer út nije Ierske oersettings en Frysk wurk dat troch Ierlân ynspirearre is. Net om ’e nocht is Ierlân ferneamd om syn rike literêre erfskip. Der binne hiel wat (Ingelsktalige) Ierske skriuwers dy’t ta de klassikers fan de ynternasjonale moderne literatuer hearre, lykas W.B. Yeats, James Joyce, of Seamus Heaney. Oer harren wurk giet dit ensafh-nûmer lykwols net.

Klik hjir om fierder te lêzen (pdf)… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Geart Tigchelaar yn Lúksemboarch

logo.ensafh

Der binne ûnderweis safolle paden te nimmen dat men by alle krusingen wol kieze kin ek al wol men ien rjochting op en dat is nei it noarden om wer nei hûs. Giet men troch België, giet men yn op in útnûging om nei Ieper ta of dochs mar net om’t it te fier is en men te min tiid hat. Mei de fyts is men wat fandatoangeande beheinder.

Mar wat in frijheid hat men just wer dat it betiden dreech kiezen is. Dochs moat men in knoop trochhakje. Ik haw noch nea yn Lúksemboarch west, dat ik gean dêr graach trochhinne foar’t ik yn België en dêrnei Nederlân bedarje.… Lês fierder