In tsjuster liet fan Duo von Däniken. Klik lofts oan de boppekant fan it plaatsje.
yn de úthoeke fan de Skrift toant de Skepping him
op ’e achtste dei
oan de hûn
efter syn brune hûne-eagen
yn de strielen fan de sinne
dûnset in krie
in spjocht dûkt
oer syn kop
en hammeret in nij swart gat
yn in deade beam
neist him
stiet in ielgoes
deemoedich as Jezus Kristus
wjukken wiid
oan de wetterkant
wylst is dêr
it delbêdzjen fan de ierde
wylst is dêr
it wrotten fan de beammen omheech nei de Himel
wylst rûkt er de delgong
yn de nacht fan de achtste dei bilet de hûn
by it ljocht fan de moanne
boppe it grêf fan de man út Earnewâld
de hûn koe him by it libben(de alpha) én kin him yn syn stjerren (de omega)
de hûn seach reeën yn it Paradys mei de snút omheech
ferwûndere…de man út Earnewâld…dea !?… Lês fierder
‘It liket my noch wol in útdaging om in berneboek te skriuwen en dêr sels de tekeningen by te meitsjen.’
Jan Schokker (1952, Oranjewâld) learde op de ambachtsskoalle foar elektrotechnyk. Syn kreative kant kaam al gau foar it ljocht. Hy mocht graach tekenje en krige fersiken om reklamebuorden te meitsjen en bedriuwsnammen te skilderjen. Skriuwe die er doe ek al, as jonge fan in jier as fjirtjin makke er al stikjes foar de jubileumrevu fan de kuorbalferiening. Yn ’e rin fan de tiid skreau er in grut tal revu’s en in stik as fyftjin toanielstikken. Jan Schokker wennet mei syn frou Sjoeke yn Jonkerslân en sûnt syn 24e hat Jan in eigen bedriuw foar standbou en belettering.… Lês fierder
De wichtichste priis foar Frysktalige literatuer is, ik fertel neat nijs, de Gysbert Japicxpriis. Dit jier is de poëzij oan bar, mei fan gefolgen dat ús earme Fryske dichters sawat tsjin in senuw-ynstoarting oansitte. Der komt harren neat mear út hannen, nachts wurde se, sawat fersûpend yn harren eigen swit wekker út dreamen wêryn’t in spytgnyskjende Gysbert harren skodholjend oansjocht en ‘Nee’ ropt…

Yn it ferline wie it sa dat de deputearre fan kultuer de priiswinner telefoanysk op ‘e hichte brocht. Tsjintwurdich wurdt der mei longlists en shortlists wurke, dat moat de oandacht fan it publyk lûke, is it doel. Lykwols, it ‘publyk’ hat gjin belangstelling foar Fryske literatuer, lit stean foar Frysktalige poëzij.… Lês fierder
‘It moat oars,’ flok ik binnenmûlsk en rôlje de hannen ta fûsten. ‘It is al te lang sa trochgien, as ik der no neat oan doch, rint it folslein út de hân.’
Ik rin nei de kuolkast ta. Ik haw it fleske suver earder oan ’e hals as dat ik de dop der ôfwipt haw. It is de langst nei feroaring dy’t my sa toarstich makket.
Sadree’t ik bûten stean en de frisse jannewarislucht opsnúf, bin ik al net mear sa wis fan de saak. De eardere lilkens sakket my as it moed yn de skuon. ‘Wat no as se…’ mompelje ik healslachtich.… Lês fierder
Richard Brautigan
De stjerhalmaspilers
Doe’t ik seis jier âld wie
spile ik stjerhalma
mei in frou
dy’t trijeënnjoggentich wie.
Se libbe op harsels
yn in appartemint
by ús ûnder yn ’e hal.
Alle moandei-en tongersdeitejûnen
spilen wy stjerhalma.
Under it spyljen hie se it ornaris
oer har man
dy’t santich jier lyn stoarn wie,
en wy dronken tee, ieten koekjes
en skelmen.
(Oersetting: Piter Boersma)
*
The Chinese Checker Players
When I was six years old
I played Chinese checkers
with a woman
who was ninety-three years old.
She lived by herself
in an apartment down the hall
from ours.… Lês fierder