André Looijenga

Fryske hoarigen?

logo.ensafh

Ik woe it ‘nije Fryslân’, dêr’t ik yn ’e krante oer lêzen hie en dêr’t ús âlderlik hûs op útsjocht, wolris fan tichterby besjen. Dat ik fytste lesten in nij rûntsje troch de polders efter Tersoal: oer de Wierren by de ‘Sânplaat’ del en it Slúske oer, doe foar it earst ris mei it pontsje oer nei Terherne, yn Jinshuzen in lêste ijsko fan ’t seizoen, en oarekant Aldskou in stik de Grienedyk folgje. Sûnt koarten steane der ynformaasjetafels oer it ferline fan dy binnendyk, de silen en de bûtlannen. In hunichkleurich ljocht lei oer biljertlekkengriene greiden dêr’t de kij rjochting melkmasinen stapten en de guozzen fergadering holden.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Nij op ‘e planke Novimber 2016 (bywurke 10-11-16)

logo.ensafh

Poëzij

Bartle Laverman
In echte Fries
Hispel, Wiuwert 2016
Ferkeappriis € 12,00
ISBN : 9789074516204

Fan 24 jannewaris oant en mei 27 maart 2016 wie der in eksposysje yn Tresoar fan skilderijen en gedichten fan Bartle Laverman mei de titel ‘Is der ek Fryske ferbylding?’ Yn dizze útjefte steane no foto’s makke troch Haye Bijlstra fan de doe eksposearre skilderijen. Wiene yn Tresoar de gedichten op besite by de skilderijen, yn dizze bondel is it krekt oarsom.

 

D.A. Tamminga
In memoriam
Hispel, Wiuwert 2016
Ferkeappriis: € 10,00
ISBN: 978-90-74516-23-5

Douwe Tamminga skreau dizze gedichten nei oanlieding fan it ferstjerren fan syn iennichste soan.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Hotel Paradize

logo.ensafh

Geart Tigchelaar hat in moai blok om west op ‘e fyts fan ‘t simmer. Dat hat him in weareld oan ynspiraasje foar gedichten en ferhalen jûn. Yn dizze rige skriuwt er ferhalen dy’t situearre binne yn de lannen dy’t er oandien hat. De skriuwer/fytser hat der sels in gruttere of lytsere rol yn. Hjirby it sânde ferhaal.

Hy fynt it ljochtknopke gau genôch op ’e taast njonken de doar. Sa as altiten fielt er te leech en moat er sa’n sintimeter as fiif omheech foar’t de keamer poatsjebaait yn it sunige ljocht dat de skimerlampe jout. Foar’t syn eagen goed en wol wend binne, hat er de kofjepot al oansetten en pakt er in stikje bôle út de pûde wei.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

halloween falt betiid dit jier

logo.ensafh

mei de slingers yn ’e hannen
teknypt ta bluodderige smots
fyn ik mysels yn embryohâlding
langút op it nije flierkleed

te let hie ’k yn de gaten
it krigene bierke net suver wie

te begearich dronk ik
út dyn eagen it geile focht

en hy mar laitsje om it hoekje
fan de kast mei dat skelle lûd
deadske neilen oer inkeld glês
swarte kape fan stjerrend fjoer

ik bidde om in horrorclown
myn fantasije fûn fertriet
yn myn eigen lege grêf… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Petear mei Hanneke de Jong

logo.ensafh

‘Dat is it moaie fan skriuwen: yn myn holle kin ik alles betinke.’

Hanneke de Jong is berne yn 1952 yn Aldetrine. Doe’t se trije jier wie kaam se yn Sint Nyk te wenjen, har heit waard dêr haad fan de legere skoalle. Hanneke folge de fuotleasten fan har heit, die de Kweekskoalle en waard ûnderwizeres. Har earste baan krige se yn de Betuwe. In jier letter waard se beneamd oan de Hjerre Gerritsskoalle yn Grou. Nei’t se mem wurde wie, stapte se út it ûnderwiis en sette se útein mei de stúdzje Frysk. Letter krige se in baan as learares Frysk en noch letter as meiwurkster kommunikaasje oan OSG Piter Jelles yn Ljouwert.Lês fierder