‘ik sjoch om; de wolkens leinen ûnder myn fuotten
en op dat stuit skynden my Athos
en Olympus minder ûnleauwweardich ta’
(Petrarca, Beklimming fan de Mont Ventoux, 1336)
in begearich bûnte tried nei boppen koarkebreide file
fytsdissipelen ta skonken ferwurden waarmdraaid
der is hoop op in heelhûdse reis
en dêr hâldt de iendracht op
elk no allinne mei hert en holle en geast
elk no it folk fan eigen ryk en draken
wat is de spankrêft fan it liif
it kapitaal fan kadâns en hert

de top himet swier en djip
lit him dreech bemasterje
der soenen goaden en reuzen tahâlde
by de grutte wite toer
poerlefinkje shirtsjes fan Peugeot
Vini Fantini en Team Sky

wichtich by it snoeien fan beammen
is sjen hoe’t de foarm him hâldt
dat is berchôf fierwei it swiertepunt
oare prakkesaasjes binn’ foar letter
ûnderoan yn it doarp dripket it lycra leger
it terras fan Le Relais du Ventoux op
en bouwt mei barokke krollen
in pleisterplak fan ferbûn… Lês fierder