Eric Hoekstra

In boer eksperimintearret mei Viagra

logo.ensafh

 

Bring ta syn essinsje
de âlde sater werom.
Wyn jout elk lisinsje
en strún yn Leafde om.
Reitsje op Rokjedei eagen oan,
ûnmeilydsum is it froulik machtsfertoan.

De homeie is yn stien en toer ferankere,
swaait iepen as de god him oppenearret
op in Jaguar lutsen troch twa hynders,
want it bist bringt it meganyk op gong.

Blaupiltsje rydt foar wûnder, mar it hert
jout belies en blaublomkes op it grêf
bringe gouden bloeitiid yn it ûnthâld
fan de boer dy’t oan syn hurde reis begjint.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Sinjalemint ‘It museum fan binnenút/Het museum van binnenuit’

logo.ensafh

De abonnees fan it algemien kulturele tydskrift De Moanne krigen okkerlêsten in hiel aardich presintsje tastjoerd: It museum fan binnenút/Het museum van binnenuit. Dizze útjefte, in tige goed fersoarge boek dat as in soarte fan harmoanika yninoar sit, is it produkt fan in gearwurkingsferbân tusken it Natuurmuseum Fryslân, Tresoar en de Nederlandse Kring van Tekenaars (NkvT).

Ik sitearje Wieke de Haan fan Tresoar: ‘Skriuwers ha har ynspirearje litten troch tekeningen fan de NkvT, mar ek troch de kolleksje fan Natuurmuseum Fryslân én troch de ien op ien petearen tusken de skriuwer en de tekener. De teksten binne redigearre, mar yn guon gefallen hat de dichter de dichterlike frijheid foar kar naam.’… Lês fierder

Jelma Knol

Ferslach Skriuwwykein op Skylge 5-7 juny

logo.ensafh

De kursus Kreatyf Skriuwen yn it Frysk it ôfrûne wykein op de Folkshegeskoalle Skylgeralân hat fiif nije skriuwtalinten oplevere. Under lieding fan skriuwer en dichter Piter Boersma en stazjêre Jelma Knol, beide al jierrenlang redakteur fan de tydskriften HJIR en Ensafh, wurken de kursisten ûnder it biedwurd ‘Fersterkje dyn talint’ op Skylge oan in grut ferskaat oan skriuwopdrachten. Tips foar it ferbetterjen fan de ambachtlike feardichheden fan de skriuwer waarden benammen ek socht yn de ynspirearjende natoer fan Skylge.

Hoe kinst de natoer it bêste ûndergean? Set ast bûten bist al dyn sintugen iepen en wurkje oan de skriuwopdracht dy’tst krigen hast.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

De oerwinning

logo.ensafh

Alle kearen sit dy smoarge Bokke wer op it dakje, sadat net ien by him kin. En mar lang úthelje mei dat healsmoarde heaze hege lûd. It giet men troch ieren en sinen. Wy kinne balte en raze wat wy wolle, mar syn snaffel hâlde docht er net. Hy hat dúdlik nocht oan ûnnocht.
Dat is it slimste noch net iens. It slimste is dat elkenien it der oer iens is dat ík der wat oan dwaan moat. Ik bin de linichste fan ús allegearre. Ik, Kekke, hear klatterje en springe te kinnen, dat ik kin ’m der wol ôfreagje. Of him goed yn ’e nekke bite as ik him fuortdaliks te pakken krije kin.… Lês fierder

André Looijenga

Fryske! Frijheid!

logo.ensafh

Folslein terjochte dat de meiwurkers fan Omrop Fryslân har fersette tsjin de fúzjeplannen fan de 13 regionale omroppen. In diel fan jins eigen organisaasje opjaan is ommers it begjin fan de ein foar jins selsstannige posysje. De hieltyd weromkommende drôchreden fan ‘jild besparjen’ troch mei diktatoriale hân ‘effisjinter’ te wurkjen ha wy ek hjir wer. It ûnmeugend djippe wantrouwen tsjin it wurkjen op de eigen wenstige skaal. Ien mal dêr’t alles yn passe moat. Ynbakt yn it himsels stikken managende Nederlân is de haat foar de útsûndering oer, foar de lokale situaasjes en de minsklike mjitte oer. It Nederlânske systeem kin ‘frijheid’ net ferneare (alteast net yn Fryske stavering), mar dêroer aansten mear.… Lês fierder

Reinold van Oevering

Net dea te krijen

logo.ensafh

 

Alde minsken
binne tsjintwurdich
sa kras.
It is hast net te leauwen:
se rinne maratons,
toutsjespringe,
ha trije kear deis
seks
en swimme fyftich meter
ûnder wetter.
De meast krasse eksimplaren
bliuwe altiten fitaal,
sels op harren stjerbêd
dogge se sit-ups
en push-ups,
it is alderraarst.
Ja, ik ha sels in âldman kend,
dy fytste nei
syn eigen begraffenis,
en hy hie net iens
foar de wyn. … Lês fierder

Obe Alkema

Oantekeningen by Mienisme

logo.ensafh

0bb9c48779c7809be43f2f6dbd485754

OANTEKENINGEN BY MIENISME

“I thought I would be understood without words.” – Vincent van Gogh

I.

Goed lêze en skerp tinke is in keunst.

Ik fertel net wêr’t ik myn iepeningssinnen weihelje want dat ûnderminet myn autoriteit dy’t ik graach safolle mooglik.redusearje wol. De autoriteit.dy’t ik mysels oanmjit, neieret de nul as in asymptoot.

Nul = 0. Anything goes.

Disclaimer: dit fers is in farce.
Dit fers efterhellet himsels yn.

Meindert Reitsma is oan it rekalkulearjen.
Charles Bernstein is oan it rekalkulearjen.
Ik bin oan it rekalkulearjen, mar haw muoite mei ôflûken.

Douze points foar Skanomodu.
In sinfolle ympuls yn de fêstrustke Fryske letteren.… Lês fierder