André Looijenga

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 5, 2015, it Rely Jorritsma-nûmer

logo.ensafh

Aurelius Jorritsma (1905-1952) mocht hiel graach tekenje, skilderje en gedichten skriuwe. Mei ‘Rely’, syn ropnamme, ûndertekene er syn wurk. Yn syn jeugd wenne er yn it grutste hûs fan it doarp Jellum, mar letter hat Rely de measte tiid yn Nijmegen taholden. Doe’t er yn 1951 wist dat er net lang mear libje soe (hy hie multiple sclerose), makke Rely syn testamint op: al syn jild hat er neilitten oan in fûns foar it ‘bevorderen van de Friese letterkunde’.

Lês hjir fierder (pdf)… Lês fierder

André Looijenga

Trensleten

logo.ensafh

‘Dus jim ha moai de hiele middei fergees sitten te oersetten foar menear Google?’ – Ja, mar it joech foaral foldwaning om sa kreatyf it Ingelsk om te setten nei Frysk, lêst yn de Fryske GoogleTranslate Wike. Sa folslein en libben mooglik jins taal wer te jaan, yn de ferwachting dat je tagelyk echt konkreet wat bydrage oan de digitale takomst derfan. Ik ‘sit yn it Frysk’, as oersetter, skriuwer, redakteur, dus fiel ik my roppen om it Frysk praktysk te befoarderjen as dat kin.

It ‘trensleten’ is fansels wat oars as echt oersette. It Ingelsk datst foar dy krijst, binne koarte frasen: stikjes sin dy’t rûnom wei swile binne.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Wolf

logo.ensafh

 

In wolf slûpt de stêd yn, troch tsjustere
steechjes, oant er foar in tsjerke stiet.
De klok slacht tolve, in wolf wachtet,

sjocht bek omheech mei giele eagen.
De ljochten dôvje yn ‘e toer en it lûd
fan in foet rûgelet by de treppen del.

Read it sop de teannen lakt mei ierdbei
rint de frou yn strielen grien en blau
op glêde skearde skonken nei ûnderen ta.

In wolf slikket har lytse fuotten sâlt, lang
hat er wachte, se streaket syn rûge facht.
Har sêfte wite hals mei er hawwe. Hap.
. … Lês fierder

Pier Boorsma

Skanomodu: in nije generaasje?

logo.ensafh

Op 28 maart 2015 hold Meindert Reitsma in ferhaal oer in nije opkommende generaasje yn de Fryske literatuer. Om’t er foar dat ferhaal it measte ûntliend hat oan it boek De revanche van de roman fan de Amsterdamske heechlearaar Thomas Vaessens, sil ik earst nei dat boek sjen.

Thomas Vaessens, De revanche van de roman: gearfetting

Dat boek beskriuwt benammen de literêre ûntwikkelingsgong yn Nederlân nei de Twadde Wrâldkriich. De kulturele elite makke him soargen oer de ynfloed fan ’e massakultuer as film en populêre tydskriften en begong in beskavingsoffinsyf. Wat de literatuer oangiet, waard weromgrypt op de literatuer fan it humanistysk modernisme.… Lês fierder

Harmen Hospes

Ferrie yn it kwadraat

logo.ensafh

‘Moatst dit ris lêze,’ ropt Minne optein en smyt in steapeltsje A-fjouwers by Gerryt Buwalda op de itenstafel. Gerryt set syn kofjekopke del.
‘Hast al berjocht út Sweden?’ freget er.
‘Sweden? Hoe sa?’ Minne sjocht him freegjend oan.
‘No, oer de Nobelpriis foar literatuer fansels.’
‘Ha, ha, nee, soks moatte je opbouwe. Earst de Rely Jorritsmapriis, dan de Gysbert Japicxpriis. Dy Nobelpriis komt dêrnei wol.’
Wylst er trochgiet mei kofjedrinken begjint Gerryt it epistel fan Minne te lêzen. Underwilens jit Minne in kopke kofje foar himsels yn. It kopke is net al te skjin, sjocht er. Gerryt wennet allinnich en fergriemt net folle tiid mei ôfwaskjen.… Lês fierder

Jelma Knol

Johnny Cash of Leonard Cohen?

logo.ensafh

Operette is foar de dommen en lytsboargers, oer André Rieu prate wy net en countrymuzyk is krekt sa dom as operette.

Jierrenlang hawwe wy meidien oan dy elitêre foaroardielen, mar wy makken in útsûndering foar Jacques Offenbach. Under it iten (wy dinearje net, dat is te boargerlik; wy ploffe de boarden op in swilkje dat wy nei ôfrin mei in wiet doekje skjinfaaie) draaie wy wol muzyk. Van Morrison, Leonard Cohen, George Brassens en Moustaki: de smaak fan twa jongâlde babyboomers). Van the Man tankje wy oan twa HJIR-redakteuren, de ivich oanhâldende fans Jan Kooistra en Jacobus Smink. Fan Kobus haw ik ek de leafde foar Tom Waits meikrigen.… Lês fierder