Problemen mei famkes hie Lolke al op de basisskoalle. Doe koe er him net foarstelle dat se poepten. Wiene it ingeltsjes of duvels? By gebrek oan in frou hie er twa katten yn ’e hûs nommen. It binne leave bisten, dêr net fan, mar se meitsje it iten net foar him klear. De keamer himmelje se ek net en op syn bêd wol er se net ha. Der is mar ien frou dêr’t er mei omgiet en dat is syn mem.
Plakjeboartsje wie syn favorite spultsje doe’t er in skoaljonge wie. Net mei jonges fan syn jierren mar mei syn mem.… Lês fierder
