Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 4, 2015

logo.ensafh

Redaksjoneel Ensafh 4 (2015)

It tema fan dit nûmer is: 侘寂.

De twa Sineeske karakters (respektyflik betsjutte se soks as ‘iensum’ en ‘stil’) skriuwe it Japanske begryp wabi sabi. Fan oarsprong is it in begryp út it 13e-ieuske Zenboeddhisme – Michel Dijkstra fertelt dêr yn syn bydrage mear oer. De idee wabi sabi hat fan grutte ynfloed west op de Japanske estetika. It ûnfolsleine, it asymmetryske, it skurve, it organyske, dat wat moai is fan jeld: men sjocht it rûnom werom yn tradisjonele Japanske ûntwerpen. Dêrby heart de gedachte dat men it fergonklike oanfurdigje moat.

Lês hjir fierder (pdf)… Lês fierder

Hidde Boersma

De bollesesjes (2)

logo.ensafh

It antwurd op alles

‘We einigje allegearre yn in houten jurk.’
Menear de Strjitfeier.

In soad minsken kinne it net stelle sûnder antwurden. Dêrom leaut de ien en ûndersiket de oar. En mar diskusjearje. Lokkich is der in alternatyf.

Fuck it. Sprek it mar ris foar jinsels út: ‘Fuck it.’ Net dimmen, mar mei fierens en foldwaning. Der heart jin fuort nei it útsprekken in glim om ‘e mûle te kommen, dy’t je net sels meitsje, mar dy’t út it boarst opluchtet as ferlichting. Fiele je it? No, priizgje dan jinsels, want je hawwe it antwurd fûn op alles: fuck it.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot 27

logo.ensafh

Feuilleton

27

De oare moarns rieden se earst nei Cap Gris-Nez en dêrnei woe Seleina fuort ek mar nei Cap Blanc-Nez ta.
‘Dan ha wy dat mar hân,’ sei se, ‘en it is no ek geskikt, want it is helder, sadat wy, tink, de krytrotsen fan Dover wol sjen kinne. De Ingelske kust. Bist hjir no, dat dan moatst ek op dy beide punten west ha. Ik ha der sels trouwens mar ien kear west, mar gelokkich ek op in goed momint.’
Se kamen by bunkers lâns.
‘Dêr’t wy aanst stean hawwe Hitler en Göring ek nei Ingelân stien te sjen.… Lês fierder

Tao Te Ching – It Boek fan de Wei en de Deugd (2)

logo.ensafh

Laotse

Tao Te Ching – It Boek fan de Wei en de Deugd

 

Ferfryske troch Eric Hoekstra


Foarwurd

Ensafh publisearret fan ’t simmer trije kear in kar út de oersetting fan Eric Hoekstra. Twa kear op Ensafhynternet en in kear, ein augustus, yn de papieren Ensafh. Dit is de twadde fan de trije foarpublikaasjes. Foar de earste foarpublikaasje op Ensafh-ynternet klik hjir. .De folsleine oersetting sil yn septimber yn boekfoarm ferskine by Utjouwerij Elikser.

Redaksje Ensafh

Ynlieding

De Tao Te Ching bestiet út 81 stikjes tekst, part proaza, part poëzy. De yndieling yn 9 skiften fan 9 gedichten ha ik sels makke.… Lês fierder

Bartle Laverman

zo vliet zijn aardse leven heen

logo.ensafh

wiswier, it wie in moai gesicht:
in folle frouljusboarst
en dan syn âlde grize kop
blastich fan de prednison
smakkend oan har spyn

‘op myn stjêrbêd wol ik tate ha’
stie yn hânskrift boppe ’t bêd
sels wie er dat al lang fergetten

ik sei:
skink ús de glêzen
mar ris ta de râne fol
en lit ús ite
oant wy barste
fan ús triennen… Lês fierder

Ferdinand de Jong

Database

logo.ensafh

In soad minsken binne der mei op de hichte dat oan elts libben in ein komt. Je ha ek guon dy’t miene dat se it ivige libben ha, mar spitich foar harren rint dy oertsjûging op in bittere teloarstelling út. Der komt in dei dat it oer en dien is mei de show. In gegeven sa wis as de bank.
Wat dêrnei bart is net alhiel helder, de iene tinkt der fan alles efteroan, in nije start dêr’t je eltsenien dy’t jo ûntfallen is wer moetsje sille, yn in omjouwing sûnder pine en oar brek. In oar hopet dat de ellinde dan dien wêze mei en dat alles asjeblyft net wer opnij begjint.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Reinige sneintemiddei

logo.ensafh

Ik skrik fan de man dy’t my oansjocht yn it spegeljende winkelrút. It is net it antlit dat ferfoarme wurdt troch de reindrippen. It binne de eagen dy’t my in tel de siken benimme. It fjoer dat der ea suver útspatte, is alhiel dwêste.
Myn foarholle wurdt wiet ûnder de mûtse. As de winkelman my fuortstjoere wol, fernim ik pas dat ik mei de kop tsjin it rút oan hingje. Ik kochelje in ferûntskuldiging, sykje omdôch yn myn binnenbûse om sigaretten en toffelje de strjitte út dêr’t ik wer opgean yn de massa.
Striemin waar, mar der sil fan de keapsnein gebrûk makke wurde.… Lês fierder