André Looijenga

Fryske! Frijheid!

logo.ensafh

Folslein terjochte dat de meiwurkers fan Omrop Fryslân har fersette tsjin de fúzjeplannen fan de 13 regionale omroppen. In diel fan jins eigen organisaasje opjaan is ommers it begjin fan de ein foar jins selsstannige posysje. De hieltyd weromkommende drôchreden fan ‘jild besparjen’ troch mei diktatoriale hân ‘effisjinter’ te wurkjen ha wy ek hjir wer. It ûnmeugend djippe wantrouwen tsjin it wurkjen op de eigen wenstige skaal. Ien mal dêr’t alles yn passe moat. Ynbakt yn it himsels stikken managende Nederlân is de haat foar de útsûndering oer, foar de lokale situaasjes en de minsklike mjitte oer. It Nederlânske systeem kin ‘frijheid’ net ferneare (alteast net yn Fryske stavering), mar dêroer aansten mear.… Lês fierder

Reinold van Oevering

Net dea te krijen

logo.ensafh

 

Alde minsken
binne tsjintwurdich
sa kras.
It is hast net te leauwen:
se rinne maratons,
toutsjespringe,
ha trije kear deis
seks
en swimme fyftich meter
ûnder wetter.
De meast krasse eksimplaren
bliuwe altiten fitaal,
sels op harren stjerbêd
dogge se sit-ups
en push-ups,
it is alderraarst.
Ja, ik ha sels in âldman kend,
dy fytste nei
syn eigen begraffenis,
en hy hie net iens
foar de wyn. … Lês fierder

Obe Alkema

Oantekeningen by Mienisme

logo.ensafh

0bb9c48779c7809be43f2f6dbd485754

OANTEKENINGEN BY MIENISME

“I thought I would be understood without words.” – Vincent van Gogh

I.

Goed lêze en skerp tinke is in keunst.

Ik fertel net wêr’t ik myn iepeningssinnen weihelje want dat ûnderminet myn autoriteit dy’t ik graach safolle mooglik.redusearje wol. De autoriteit.dy’t ik mysels oanmjit, neieret de nul as in asymptoot.

Nul = 0. Anything goes.

Disclaimer: dit fers is in farce.
Dit fers efterhellet himsels yn.

Meindert Reitsma is oan it rekalkulearjen.
Charles Bernstein is oan it rekalkulearjen.
Ik bin oan it rekalkulearjen, mar haw muoite mei ôflûken.

Douze points foar Skanomodu.
In sinfolle ympuls yn de fêstrustke Fryske letteren.… Lês fierder

Janneke Spoelstra

Tetman 100 jier

logo.ensafh

Tajûn, Bitgum Merke oantinkens spilen net swak by, doe’t ik de kaarten bestelde foar de foarstelling 100 jier Tetman. In moaie gelegenheid om nochris yn Zalencentrum Groot Terhorne yn Bitgummûne te sjen. Mar it wie ek om dat iene ferske wer ris te hearren, dat my de earste kear dat ik it hearde, as njoggentjinjierrige, djip yn it moed taaste: ‘Dan komt de maityd’. It wie yn 1981, yn it krekt iepene doarpshûs fan Hijum. Hoewol’t ik it neitiid wol faker heard ha en de glâns noait mear sa west hat as dy earste kear, soe ik it no hearre kinne op it plak dêr’t it foar it earst foar publyk songen is.… Lês fierder

Meindert Reitsma

Ja, goed lêze en skerp tinke is in keunst

logo.ensafh

JA, GOED LÊZE EN SKERP TINKE IS IN KEUNST –
HELDER SKRIUWE NAMMERS EK –
TEKSTFERKLEARRING KIN IN OPLOSSING WÊZE – MAR MISKIEN EK NET

Lit ik begjinne mei te sizzen dat ik it moai fyn dat der in reaksje kommen is op myn besprek ‘Tipeljendewei’ fan de ferskaatbondel Frozen moonlight yn myn hannen fan Josse de Haan (Ensafh, nû. 2, april 2015). Dy reaksje fan De Haan hat my wer oansetten ta it skriuwen fan in reaksje, om it ien en oar rjocht te setten.

De Haan giet yn syn reaksje in tal punten by del. Lit ik dat ek dwaan:

(0)
Hjir skriuwt De Haan dat ik tink dat hy op in eilân sit.… Lês fierder