Geart Tigchelaar

kom moarn oars mar wer

logo.ensafh

 

fluwielsêft snijt it glês my
yn de hûd in reade streek
kleuret blau fan de kjeld fertroud
as in âlde leafde fynt de pine

de wei werom yn it âlde dowehok glinsterje
fearren en stront weeiïch yn it iere sintsje
mei it finster stikken laket my stikelich út

krekt no
draach ik gjin lange mouwen
krekt no
tjirgje ik tsjin better witten yn

myn knibbeljende triennen oer de rûchte
spielt it klisjee fan it wêrom yn ’e nerven
ropt ien ik mien fan in bekende stimme
waar te nimmen mar it is de nije buorman
dy’t freget as er helpe moat mei it oprûmjen
Lês fierder

Cornelis van der Wal

Nij op ‘e planke Maart 2015

logo.ensafh

Wy nimme de tried wer op wat dizze rubryk oanbelanget. Cornelis van der Wal hat it stokje fan Tryntsje van der Steege oernommen. In protte lêswille tawinske!

 

Poëzij

Albertina Soepboer
Herbarium

Frysk en Frij, Ljouwert 2014
ISBN 9789085660378
Ferkeappriis € 10,00

Yn de bondel Herbarium lit Albertina Soepboer sjen wat har as dichter nau oan it hert leit. Dêrom hellet se foar it ljocht wat se oan planten bewarre hat yn har herbarium. Dy planten roppe in wrâld fan passy en dea op. Tiid is net in line de fierte yn, mar in sirkel. Lykas by planten komme yn de fersen bloei en ferstjerren hyltiten op ‘e nij foarby.… Lês fierder

Miodrag Kojadinović, Janneke Spoelstra

Doe’t Tim dûnse, desennia lyn

logo.ensafh

Der wie dy allinne-ûnderbroek-en-frij-drinken jûn yn it skurve (mar teminsten âlde, en dat jout it in grut foardiel boppe it út lilke nijichheden besteande kontinint fan Noard-Amearika) Lux Theater. Och, ja! tocht ik, dêr soe ik in lekkere slaafjonge (18+, fansels) foar de nacht krije kinne. It soe moai wêze om him de broek fan ’e kont te lûken en him te betaasten op it earste balkon. It soe sa opwinend wêze! (en, ik wol jim noch mar even derop wize, der is gjin fentilaasje yn it gebou) Ik wie sels ree om frijwillich as útsmiter te fungearjen (no, dat is nochris in psychologysk machtsspul).… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Unwennich omdoarmjend yn it ferline

logo.ensafh

Besprek As gong dêr in oar fan Leo Popma

De nijste roman fan Leo Popma is in ‘geheimsinnige roman oer ferfrjemde en ûnwennige minsken ûnderinoar’ sa lit de efterflap witte. Dy sin is treffend, seit alles oer it boek. Spitich is it dat it omkaft sels net treffender is, want dat is planút ûnsjoch. It boek hie in moaiere ferpakking fertsjinne.

Foaryn it boek stiet in sitaat oer it feit dat Ingelsk net mear in adekwaat medium is foar de wierheid fan Súd-Afrika (‘…Like a dinosaur expiring and settling in the mud, the language has stiffened…’) fan de Súd-Afrikaanske skriuwer J.M.… Lês fierder

Beart Oosterhaven

De Fryske John Hiatt

logo.ensafh

Sjonger-lietsjesskriuwer Marcel Smit fan Burgum is in flugge learder! Dat docht bliken as men syn twadde album Mear muzyk, dat ein 2014 ferskynd is, in pear kear ôfspile hat. Op dy skiif hat er nammentlik omtinken jûn oan suver alle punten fan ‘krityk’ dy’t ik op 13 novimber 2011 op dit plak hie op syn debút-cd Muzyk.

Observator en ynterpretator
Boppe it neamde besprek út novimber 2011 stie as kop: ‘In perfekte titel’. Dy kop haw ik der yndertiid boppe set, om oan te jaan, dat it muzikale aspekt op Marcel Smit syn debút-album better fersoarge wie as it talich-tekstuele aspekt.… Lês fierder

Ferdinand de Jong

Krústocht

logo.ensafh

Yn it bibelboek Eksodus wurde de pleagen beskreaun dy’t Egypte troffen om it frijlitten fan it Joadske folk ôf te twingen. De Joaden libben dêr doe as slaven. Oant de farao safier wie, kamen tsien pleagen oer it lân dêr’t de Nijl streamt. Pas nei dat wetter feroare yn bloed, kikkerts, luzen, stekmiggen, feepest, swolms, hagel, sprinkhoannen, tsjusternis en de dea fan alle earstberne bern it lân en syn ynwenners teheistere hienen, liet de farao it folk yn frijheid fuortgean.

Gjin mûzen, tocht ik doe’t ik it rychje nochris bydel gie. Eigenaardich. Want mûzen binne tige effektyf as pleach. Se dogge op dit stuit harren wurk as fernielers fan greiden en diken mei oerjefte en dogge it yngreven.… Lês fierder