Wiep Koehoorn

Lêze as in hazze, hinne en werom

logo.ensafh

Lêze en werlêze
De tredde poëzybondel dy’t de Fryske dichter Edwin de Groot (1963) yn 2013 by útjouwerij De Contrabas publisearre, is kwa titel en ynhâld alhiel twatalich. De dûbele titels In hazze is in lokkich bern en Een haas is een gelukkig kind binne nijsgjirrich, want soks ropt mear fragen op as dat it antwurden jout. Itselde hie ik mei it omslach fan it boek. In tal kearen frege ik my ôf wat dy griene halen dochs op it omslach betsjutte soenen, mar doe’t ik it boek ris oppakte wylst it in kwartslach draaid op ’e tafel lei, seach ik ynienen de hazzekop op it omslach.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Beart Oosterhaven: ‘Der is sawol kontinuïteit as in protte fernijing yn de Fryske popmuzyk’

logo.ensafh

Beart Oosterhaven (1956) is berne en opgroeid yn Hitsum. Nei syn ûnderwizersoplieding hat er in skoftsje by de Afûk wurke. Dêrnei waard er by de Fryske Akademy (FA) oansteld as taalkundich meiwurker. Letter waard er dêr einredakteur fan it wittenskiplik tydskrift It Beaken en wie er fan 1993 oant de reorganisaasje fan de FA yn 2009 koördinator fan de Musikologyske Wurkgroep. Oosterhaven hat sjueryfoarsitter west fan it Frysktalich sjongfestival Liet en fan it festival Liet International. Hy wie muzykredakteur by it literêr tydskrift Hjir, dêr’t er fan 1978-1982 fan yn de redaksje siet, en hat fiif jier lang kollums skreaun foar de F-side, de wyklikse Frysktalige side fan de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd.Lês fierder

Jelma Knol

Amigos de musica op jierdeibesite

logo.ensafh

It ûnthâld is in ferrifeljende oangelegenheid. Oait hie ik in goedkeap radiokassetterekorderke en dêrmei naam ik dan de moaiste nûmers op sa’n goedkeap BASF-bantsje op. Myn muzikale opfieding krige ik jûns let fan de VPRO-radio mei it muzykprogramma Amigos de musica. Wim Noordhoek, Jan Donkers en Rik Zaal. In soad blues, sels french blues, Captain Beefhart, Randy Newman. Earliksein, oan de Captain haw ik noait wenne kind. French blues, út de sompen om New Orleans hinne fyn ik frij ferfeelsume muzyk, hoe nijsgjirrich de oarsprong fan de streaming op himsels ek is. In broer fan my is spesjalisearre yn dy muzyk en yn de gitaarmuzyk fan in oare helt, Django Reinhardt.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot 24

logo.ensafh

Feuilleton

24

Nei it kontakt mei Pedro Vidal hiene se besletten om net de weromflecht te nimmen dy’t se boekt hiene, mar in pear dagen letter te gean en dan net nei Santiago, mar nei Papeete op Tahiti en dêrwei fia Sydney yn Australië nei Europa werom te fleanen. Alexander Boban rekke troch dat foarútsjoch suver yn in eufoaryske stimming, wylst Seleina der feninich ûnder wie en sei: ‘Troch dit akkefytsje bliuwt der fan ús fakânsje hjir neat oer en is it ek krekt as ha de foargeande dagen gjin betsjutting mear. En it slimste is dat it neat foar my is om my sa te fielen.’… Lês fierder

Geart Tigchelaar

First world problems

logo.ensafh

Jasses noch oan ta, wie ’k noch mar by dat âld wiif. Se rôp betiden sa skel as in kromme seage, mar sa bêst as wat en ik wie alle dagen sêd. Dat krij ik hjirre gelokkich ek, mar ik wurd dochs wol sa gek fan dat ivige tripkjen.

Dy rottige kat hat dêr hielendal gjin lêst fan, ik bin wier jaloersk op har, al sil ik dat fansels noait net tajaan. Dan docht dat eigenwize stik potiten allinnich mar mear it kin omheech. Dy mient al dat sy superieur oan my is. Allinnich mar om’t ik alle dagen moai in ein te kuierjen mei, ik achter de bal oan mei en as ik de postboade yn ’e bokse byt in brokje as twa krij.… Lês fierder

Willem Winters

Funksjonalisme of by Dokkum om

logo.ensafh

Ik ha nea in grut foarstanner/leafhawwer fan funksjonalisme west. Mar ek gjin 100% tsjinstanner. Wêrom soe men ek. Ekstremisten binne der dochs al sa’n soad yn ’e wrâld. Dus nim ik fakentiids in stânpunt yn, sadat ik net by de earste wurdwiksel yn ’e knipe kom.
Funksjonalisme yn ’e arsjitektuer kin best moai wêze, sa as dy wolkekliuwer fan Mies van der Rohe. It is by ekstreem funksjonalisme better út te hâlden as by oerdiedige fersiering, dat rûkt al gau nei kitsch. No ja, wat is der eins op kitsch tsjin?

Sydpaadsje: men soe ferwachtsje dat men yn in tv-programma as ‘tusken keunst en kitsch’ dúdlike grinzen lûke soe, mar dat is net it gefal.… Lês fierder

Meindert Reitsma

Eefkes de minske úthingje

logo.ensafh

“‘Ik wie God (…) Mar no net mear. No bin ik Bobo, Bobo Skat.’” (hst. 2). Bobo Skat, dat is de namme fan de haadpersoan fan it nijste Fryske boek fan Froon Akker (1952), In aap klimt út ’e beam, dat yn 2010 yn it Nederlânsk ferskynde as Hoe blond je aap. Hoewol, persoan? Bobo is gjin minske, mar in aap en net samar in aap. Hy stiet fierder yn de evolúsje as de trochsneed aap en jo soene him hast guon minsklike eigenskippen tadichtsje. It grutte doel fan Bobo is no krekt om dy eigenskippen better ûnder de knibbel te krijen, om sadwaande eefkes de minske út te hingjen, sa’t de minske ommers soms ek wol ris de aap úthingje wol.… Lês fierder