Daam de Vries

Narjende plofhinnen

logo.ensafh

‘Peste’ stiet yn it Frysk Hânwurdboek mei as earste ferklearring: ‘op gemiene wize pleagje’. Ik woe it – as it jim goed is (en ek as dat net sa is) – mar op ‘narjen’ hâlde. ‘Peste’ is grif frekwinter en gongberder en, noch wichtiger, mear fan dizze tiid mar dat nukt my neat.

Puber docht puber dea.

Noch net sa lang lyn, wike as wat, heechút in pear moanne of in fearnsjier. Lân yn oerstjoer. Triennen. Alderhanne lilk folk. Telegraaf der by, de ‘dieder’ yn fol ornaat op de foto, frijwat behyplik balkje oer de eagen dat mear op in splinter liket en – nei’t myn grafysk each miende te merkbiten –mei sa’n tweintich persint transparânsje.… Lês fierder

Reinold van Oevering

Longerje nei de maaitiid

logo.ensafh

 

It lêste skoalfamke
dat healwei novimber
yn in himdsje
fan skoalle nei hûs fytst,
is krekt sa
yn it moed taastend
as de lêste wite roas
yn de tún,
dy’t nettsjinsteande de kâlde nachten
noch dapper bloeit –
wat is de winter oars
as wachtsje op de maaitiid,
wachtsje op blommen yn bloei
en op jonge fammen
dy’t yn himdsjes en rokjes
nei skoalle fytse.… Lês fierder

Pieter Breuker

Poadium: It FA-design foar fierdere standerdisearring fan it skreaune Frysk of de kreäasje fan in ûntrochtochte, ûnwurkbere en ûnfryske keunsttaal

logo.ensafh

KOARTE TALJOCHTING

Dit stik wie in ûnderdiel fan de diskusje dy’t der fan ’t winter ûnder rezjy fan de provinsje west hat tusken foar- en tsjinstanners fan de plannen fan de Fryske Akademy ta feroaring fan standert en stavering. De Fryske Akademy sels wie ek yn dat oerlis fertsjinwurdige.
Yn it twadde haadstik snij in oantal punten fan de diskusje oan.
It stik is ûnder grutte tiidsdruk skreaun, dat der sitte grif wat flaters yn. Ik stean lykwols noch altiten folslein efter de ynhâld as gehiel.

Ljouwert, 2 novimber 2014 Pieter Breuker

Klik hjir foar it folsleine artikel yn pdf.… Lês fierder

Jelma Knol

Die Erde ist mir Heimat nicht geworden

logo.ensafh

Guon plakjes hawwe wat magysk. In fakânsjewike oan de Ryn fierde ús fan ’t hjerst nei de Lorelei, de berch en de bocht yn de rivier mei de heimsinnige, ûndergrûnse rotsen dêr’t safolle skippen op strânen. We besochten de berch foar de twadde kear en de sitewaasje wie wat oars as tsien jier lyn. It besikerssintrum en de bussen mei toeristen en skoalbern koene wy werom, mar oer in ûnbekend boskpaad kamen wy telâne by in útsjochpunt oer de Ryn. Wy wiene bedarre yn in soarte fan bierhal, dy’t Lorelei, the Rock hiet. In geweldich útsjoch, goede kofje hiene se der ek en it duorre even foardat ik ta my trochkringe liet dat de muzyk dy’t draaid waard rockmuzyk wie, út de jierren sechstich en sântich.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Kulferhalen, mar gjin flauwekul

logo.ensafh

In tin boekje, krekt 80 siden. Njoggen skriuwers. Fol mei saneamde kulferhalen sa’t it foarkaft ús foarhâldt. Ferhalen foar manlju. Wat moat men jin dêrby foarstelle? Ik hie in hiel oar boekje ferwachte. Flauwichheden oer bazige froulju dy’t de manlju goed ûnder de tomme hâlde. In soad pis- en poepgrappen, in soad seks, faaks noch wat geweld. Stereotype manlju dy’t fan fuotbaljen hâlde, rûch yn ’e bek binne, en wat al net mear.

Mar neat fan dat alles, eins. En dat fûn ik alteast net slim. It binne njoggen hiel ferskillende ferhalen kwa styl, struktuer en tematyk. Soks is fansels logysk mei njoggen ferskillende skriuwers.… Lês fierder

Bartle Laverman

Ferballe dream

logo.ensafh

 

der is net folle moaier
as in nacht yn it neijier
mei in tichte tekken damp
kâld oer it lân en
dêrboppe it folle ljocht
fan de moanne

alle reden foar in
Weltschmerzsigaarke
en de treast fan
jawis: ambachtlik stookte genever
de jachthûn
oan dyn aigle-learzens
sjocht glânzjend omheech

smytst noch in blokje ikehout
yn it snoarkjende duveltsje
soest no oan Grutte Dingen
tinke wolle
hjir yn dyn eigenmakke hutte
of in fiifstjerrenfers skriuwe
yn dripjende inket

mar skrikst
fan in roffel op de doar:

de nachtmerje… Lês fierder