It lêzen is foar ús allegear begûn mei plaatsjesboeken; printeboeken om út foarlêzen te wurden en lêsboekjes mei plaatsjes dy’t ús toanden wat de wurdsjes betsjutten dy’t we leare moasten. Want dy wurdsjes wiene dêr’t it úteinlik om gong: sa gau’t wy dy lêze koene waarden de plaatsjes yn ús boeken hieltyd minder, en op ien of oare manier lêze we no allinnich grutteminskeboeken mei rigels en siden fol mei allinnich wurdsjes en gjin plaatsjes.
Dochs is it lêzen/sjen fan plaatsjes en wurdsjes tagelyk ek foar grutte minsken sa gek noch net. De kombinaasje fan tekst en byld is in nijsgjirrige, útdaagjende en in fantasije- en kreativiteit-prikeljende kombinaasje, trochdat sawol de linkerkant fan ús brein (dêr’t we taal ferwurkje en analytysk neitinke) as de rjochterkant (dêr’t we plaatsjes en symboalen ferwurkje, en ús emoasjes en yntuysje weikomme) oan it wurk setten wurde.… Lês fierder

