Piter Boersma

Molwrot (20)

logo.ensafh

Feuilleton

20

Se hiene har krekt yn de keamer fan it pensjon ynstallearre doe’t Seleina har telefoan gong. It wie Pedro Vidal.
‘Der binne trije man ûnderweis. It is hjir no tolve oere. Se binne in healoere ûnderweis, dat se binne der om healwei fjouweren hinne. Op it fleanfjild is ek alles regele.’
‘Ynoarder. Tanke, Pedro.’
‘As dyn fakânsje der op sit, bleau dan noch in pear nachten yn Santiago.’
‘Ik ha Alexander wol by my, mar it moat te regeljen wêze.’
‘Moai.’
Seleina fertelde Alexander hoe’t it der foar stie.
‘Wa is Pedro Vidal eins?’
‘Hy hat in hege funksje op it ministearje fan definsje.’… Lês fierder

Jelma Knol

Muzyk en oarloch

logo.ensafh

Op wei dit jier nei ús bestimming yn it Suden namen wy skoft op sa’n ûnsillich grut parkearplak lâns de Route de Péage. It wie op it plato fan Langres (yn de omkriten fan Reims). Dêr stiene tusken de picknickplakken allegear soldaten opsteld, as in leger, mei wapens fansels en muzykynstruminten: tamboers, trompetten ensafuorthinne. Oantinkens oan de einfaze fan de Napoleontyske oarloggen: by Langres waarden yn 1814 de lêste fjildslaggen útfochten tsjin de ynfallende legers fan de Prusen. Doe’t de Russyske kozakkelegers Parys ynnommen hiene, koe Napoleon nei Elba. De buordkartonnen soldaten bepaalden ús der ûnferwacht by hokker grutte rol muzyk yn de oarlochsfiering spilet: eartiids by fjildslaggen, as polityk propagandamiddel en as ferdivedaasje yn de foarm fan soldateferskes.… Lês fierder

Hidde Boersma

Te hastich om te rinnen

logo.ensafh

 

Ast my tsjintwurdich rinnen sjochst,
soest tinke dat de klinkers gloeie
Sa gleon slalomje ik tusken de mannichte troch

Myn kiezzen mealle om op myn tinzen,
en troch de groede yn myn foarholle
rint sâlt wetter de poeltsjes ûnder myn earmen yn

Dan sjitte myn eagen fjoer, en dan skroeie se dôf
Myn burd te lang, myn mûle droech

Ik far, mar sjoch neat foar de boech… Lês fierder

André Looijenga

Amsterdam as moadieus klisjee foar anglosintryske historomantyske kultuerpulp

logo.ensafh

Ofrûne freed seach ik efkes Nieuwsuur. Nei in skôging oer de benearjende sitewaasje yn Noard-Irak, soe ik de tillevyzje wer útdwaan. Mei in heal each en ear krige ik mei dat der in itemke oan like te kommen oer it safolste boek fan in Amerikaansk histoarikus oer Amsterdam yn de 17e ieu. Amsterdam, och wat in orizjinele ûnderwerpskar (quod non), tocht ik al by mysels. En sa’n “ynfleine” Amerikaan, dy’t net iens Nederlânsktalige boarnen lêze kin, dy sil ús hjirre dan wer ris útlizze wat elkenien mei in bytsje ynteresse yn skiednis al lang wist… Mar, eins, hoe my soks ek tsjinstiet: lit my dochs even sjen hoe mâl oft it giet.… Lês fierder

Willem Winters

Wûne

logo.ensafh

Alle dagen oarloch yn it nijs. Even tocht ik dat de Russen dochs noch komme soene, dat NAVO-Luns dochs noch gelyk krije soe. Ik seach ynstoarte hûzen, deaden en ferwûnen om my hinne. Oarlochsfotografen leinen de ferskrikkingen fêst. Guon ferwûnen bliuwe yn libben en wurde oplape mei protezes fan allerhande soarte. Wat mear oarloch, wat flugger de ûntjouwingen op dit mêd. Dat bewiist in foto – WO I – yn it legendaryske Het Leven; in ploechje soldaten mei opstrûpte boksen lit sjen dat se mei harren keunstskonken wer biljarte kinne.

Bekend is it gefal fan de Frânske bokser Eugène Criqui dy’t yn de sjitfuorgen fan WO I syn ûnderkaak ferlear.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Rommert Tjeerdsma: ‘Ik skriuw gjin boeken om boadskippen út te dragen. It giet my derom om in aardich ferhaal te skriuwen, dat minsken graach lêze meie.’

logo.ensafh

Rommert Tjeerdsma (Hallum, 1943) soene jo in letbloeier neame kinne. Yn 1990 publisearre er syn earste ferhalen en gedichten yn de Fleanende Krie, it blêd fan de Fryske Boekeklup KFFB. Yn 2006 ferskynde syn debútroman Brekpunt, yn 2009 folge troch de roman Frij as de wyn. Yn 2010 kaam de histoaryske roman Reboelje yn Kollumerlân fan him út en dêrnei folge Om Doutzen yn 2013. De lêste roman Ferliezers seach dit jier it ljocht. Rommert hat oant syn pinsjoen as postamtner wurke. Hy wennet mei dichteres Jelly Keekstra yn Marrum. Sy ha inoar troch it skriuwen troffen.

Foar de arke fan Rink

Koarte gearfetting fan Ferliezers:
Froukje wennet mei har âlden yn de stêd.Lês fierder