Cornelis van der Wal

Omheech yn it stof

logo.ensafh

In keamer op ‘e souder en ik wachtsje op in fisioen.
Ik wenje no yn in oar hûs, mar bin noch altyd alkoholist.
De trep, hy kreaket, ik bin it net, sit op in stoel.

Stadich geane stappen omheech yn it stof, in geast
Is net swier, dat de gast sil grif út matearje bestean.
In hân, in swart boek en in rûne holle mei bolhoed

Komme troch it trepsgat, it stekt efter in briltsje brânglês.
It mantsje knikt freonlik, set him del op it bêd en seit fan:
Knilles, lês dit boek, hast it sels skreaun. En dan mar dea.… Lês fierder

Lu You, Piter Boersma

Op ’e toer in dronken liet

logo.ensafh

swalkjend troch de wrâld hie ik foar myn stribjen gjin bestek
op ’e merk fan Chengdu diel ik no krûden út in gek
myn kalebas is folproppe ik jou oan wa’t mar wol
hoopje it folk sa te genêzen fan syn kwalebrol

dan yn de stille nacht beklim ik in toer dy’t my winkt
keapje wyn en freegje de moanne oft er mei my drinkt
yn ’e rûs aai ik myn swurd dat blinkt tsjin de moanneskyn
poer allinne sjong ik in drôvich liet en gûl my blyn

graaf dochs fuort de Heareberch want dan streamt de Xiang flak
kap om dy kassybeam en de moanne beskynt dyn plak
it is hiel dreech foar in man om ta syn doel te kommen
noch gjin namme makke en dochs ha ’k al grize plommen

Oersetting/bewurking; Piter Boersma

(De oersetting/bewurking berêst net op it Sineeske orizjineel, mar is makke op basis fan de frije oersetting fan W.L.Lês fierder

Josse de Haan

Gysbert Japicx-priis

logo.ensafh

YN 66 JIER twa dichteressen WINNERES GYSBERT JAPICX

De earste Gysbert Japicxpriis-winner yn 1947 wie Obe Postma – it wie foar syn poëzy. De earste frou dy’t de priis krige, wie Rixt yn 1953 foar har poëzybondel De gouden rider (1952).
Trijeëntritich jier letter krijt Tiny Mulder dizze priis foar har hele oeuvre, mar foaral foar de gedichtebondel Oh in stêd, ah in lân – In syklus. De bondel allinne wie blykber net goedergenôch.
Yn 66 jier ha mar twa dichteressen sa’t it skynt genôch kwaliteit hân om yn oanmerking te kommen foar dizze heechste Fryske literêre priis. Dat is apart, meidat der wol frouljustalint wie en is.… Lês fierder

André Looijenga

Ensafh Fryske Literatuerkwis

logo.ensafh

Hoe goed werkenne jo eins de begjinrigels fan klassike Fryske boeken?

De earste rigels fan grutte literêre boeken (en ferneamde gedichten) út ‘e holle kinne, as der ien manier is wêrop’t literatuer har sosjaal-ekonomyske nut bewiist is it yn de ynformele sitewaasjes wannear’t jo soks yniens yn de macht ha moatte.

“Behalve den man, die de Sarphatistraat de mooiste plek van Europa vond…” “De portier is een invalide…” “It was the best of times, it was the worst of times…” “Als Gregor Samsa eines Morgens aus unruhigen Träumen erwachte…”

Steane jo mei de mûle fol tosken, bewize jo jo minmachtige belêzenens (en de superioriteit fan jo ‘freonen’).… Lês fierder

Daam de Vries

Falske heiten

logo.ensafh

 

Nei analogy fan falsk gebyt

___In politike pommerant dy’t bonussen en topynkommens ‘onbestaanbaar’ achtet en yn deselde sin mei droege eagen ferkundiget dat er € 4.800,00 skjin de moanne opstrykt, al brûkte er in oar wurd.

___In katolike pommerant dy’t him foarnommen hat om alle dagen wat wei te jaan en dus de djoere tas dy’t er op in kongres krige om kamera en oare snústerijen yn op te bergjen oan in minder bedielde tapartet.

Pommeranten. Foaroanmannen. Haadlingen.

___Falske heiten.

Hynsterippen dy’t betelle wurde fan jild dat stipers foar fûgels bedoeld hiene. Hapkes oan de stamtafel om’t de healjierlikse gearkomste fan de stifting ek finansjeel ferantwurde wurde moat.… Lês fierder