Beart Oosterhaven

‘Biltsikana’ op syn boppeste bêst

logo.ensafh

Jan de Vries fan Aldebiltsyl/Ouwe-Syl kin njonkelytsen wol in feteraan yn ’e Fryske popmuzyk neamd wurde. Yn 1996 makke er mei ‘syn’ noch altyd besteande band The Feetwarmers al it album Cold Feet. Op dy skiif sjongt er, spilet er gitaar, akkordeon, dobro en mûlharmoanika, en hat er as komponist de hân yn acht fan ’e fyftjin nûmers. De Vries achte him altyd mear muzikant as makker fan (Ingelske) lietteksten. Mei syn op 17 maart lêstlyn ferskynde Biltsktalige solo-cd Sieleroersels hat er him yn ien klap as in treflik liettekstskriuwer op ’e kaart set.

Biltsk
Dy cd telt nammentlik mar leafst 11 folslein eigen nûmers fan Jan de Vries.… Lês fierder

Ferdinand de Jong

Neve 8028 Console

logo.ensafh

 

Wat makket minsken lokkich? De iene lêst graach in boek, in oar fytst him it snot foar de eagen, in tredde makket fûgelhûskes. Safolle minsken, safolle smaken.
Soenen der in soad minsken wêze dy’t net fan muzyk hâlde? Oargelmuzyk, psalmen, snoeihurde grunge, metal, rock, klassyk, Frysk, Ingelsk, Dútsk en wat makket it ek út, om my Hollânsk. Muzyk is in part fan ús deistich libben. It is oeral, as je yn de wacht setten wurde by in net tagonklik grut bedriuw, as je de tank folsmite, as je yn de wachtkeamer fan de masseur sitte. As reedriders yn it Vikingskipet yn Hamar harren rûntsjes draaie, yn de pauze fan in fuotbalwedstriid.… Lês fierder

Gong Zizhen, Piter Boersma

soarch

logo.ensafh

ik ha se noch amper dingen fan foarhinne
wêr’t ik mar net ôfkom is myn soarch allinne
by ’t maitiid rint er oan ien tried wei mei my op
en nachts giet er my altyd yn dreamen foarop

hy is yn ’e rin fan ’e jierren gelyk bleaun
en likemin op fûl streamend wetter fuortdreaun
yn trouwe freonskip kin wier gjinien tsjin dy út
miskien moat ik ris om in duvelbanner út

Oersetting/bewurking: Piter Boersma

(De oersetting/bewurking berêst net op it Sineeske orizjineel, mar is makke op basis fan de frije oersetting fan W.L. Idema dy’t stiet yn syn standertwurk Spiegel van de klassieke Chinese poëzie.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot (3)

logo.ensafh


Feuilleton

3

Hy pakte syn mobyltsje en skille har.
‘Ik bin noch net iens bûten,’ sei se.
‘Hast myn fraach heard?’ sei Catrinus.
‘Nei Peaske-eilân,’ sei se.
‘Wannear?’
Seleina ferbruts de ferbining.
Wêr wie se oan begûn? Se hie him sels oanhelle. Doe’t se him trije jier lyn op ’e Dam tsjin it liif rûn en op syn útnoeging yngongen wie om in kop kofje te drinken, hie se dat net mei in ferlechje ôfwimpele. En se hie doe sels sein dat it har aardich talike om inoar wer ris te sjen. Nuver, want dêrfoar hie se sein dat er har neat freegje moast oer har libben.… Lês fierder

Willem Winters

Einlings

logo.ensafh

Ik haw leard dat winsken fan in minske net samar daliks en direkt oan foldien wurde kin. Do moatst sparje, do moatst leare dy yn te binen! Dat is my sa bybrocht en dat is noch altyd in pylder yn myn deistich libben.

De jonge sjauffeur fan UPS, mei in grut pak ûnder de earm, tikket op it rút, hat gjin aan fan wat er bringt. Ik haw der jierren op wachte. It binne de bondele advertinsjes fan Hans Koetsier [1930-1991]. In inkelde kear wurde se op ynternet oanbean. Oars jilde se faaks wol in € 100-150, mar no hie ik op ‘boekwinkeltjes’ in eksimplaar sjoen fan € 50 om’t der in plakje op sit.… Lês fierder