Friduwih Riemersma

Yn it each fan de lêzer

logo.ensafh

Der binne grif in protte ferhalen wêryn’t in boek de haadrol spilet. Se bedarje net yn de boekhannel want se binne net útwurke sa as De namme fan de roas, dy’t oer in hiele bibleteek giet mei in moard deryn foar it mystearje. Se binne wûnderlik mar ferfeelsum en se gean fan: “De bibel foel fan it nachtkastke ôf en doe…” Wy hawwe in boek, mei de titel Dit boek sit fol mei spinnen, dat ik wol kocht haw mar noait betelle. Doe’t ik dat ûntduts wie it al te let om de bank te warskôgjen dat der wat misgien wie.… Lês fierder

Bertold Brecht, Jacobus Q. Smink

Oer it lesjaan sûnder learlingen / Über das Lehren ohne Schüler

logo.ensafh

Lesjaan sûnder learlingen
Skriuwe sûnder eare
Is dreech.

It is moai, om moarns fuort te gean
Mei de farsk beskreaune siden
Nei de wachtsjende printer, oer de gûnzjende merk
Dêr’t se fleis ferkeapje en ark
Do ferkeapest sinnen.

De fuorman hat hurd riden
Hy hat net brea-iten
Elke bocht wie in risiko
Hy komt hastich troch de doar
Dy’t er ophelje woe
Is al ôfreizge.

Dêr sprekt er, nei wa’t nimmen harket:
Hy praat te lûd
Hy werhellet him
Hy fertelt leagens
Hy wurdt net ferbettere.

 

 

Über das Lehren ohne Schüler
Lehren ohne Schüler
Schreiben ohne Ruhm
Ist schwer.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

“It libben is foar my in grut mystearje”. Sipke de Schiffart oer “Wat it is om bang te wêzen.”

logo.ensafh

Sipke de Schiffart is berne yn 1959 yn Longerhou. Ein ferline jier kaam syn debút Wat it is om bang te wêzen út, in bondel mei tsien ferhalen. Sipke hat twa kear de Rely Jorritsmapriis wûn, foar de ferhalen ‘Toe Sippy ju!’ (yn 2006) en ‘Leafde nei de dea’ (yn 2010). Dizze ferhalen stean ek beide yn it boek. Hy skriuwt ek gedichten en publisearret yn Ensafh en de Moanne. Njonken it skriuwen hâldt Sipke him mei skilderjen dwaande.

SCHIFFART PORTRET - Sabine Trines

Portret Sabine Trines

Wat is dyn achtergrûn?
‘Ik bin opgroeid op in pleats yn Longerhou yn in Nederlânsk-Herfoarme gesin. Ik ha yn it begjin in frij normale, rêstige en lokkige jeugd hân.… Lês fierder

André Looijenga

Vrieslân wûnderlân

logo.ensafh

Op it toaniel in mânselhege fûgelkoai. Dêryn hinget, yn ûnderjurk en hiernetsje, it tormintearre stal fan in meager manspersoan. Wannear’t it publyk syn plak fûn hat yn it teatersealtsje, komt er ta libben, langliddich dûnsjend om in foarwrâldsk model mikrofoan. In drag queen op jierren en op syn/har retoer, fertelt er yn fragminten syn libbensferhaal. Yn in wûndere gearmjuks fan Wâldfrysk en nichterich Amerikaansk. It iene nei it oare wrâldferneamde diva-liet wurdt ûnneifolchber nei skeakele: Dietrich, Piaf, Monroe, Douwstra. De tirade fan de diva dy’t weromkaam yn it homofobe heitelân einiget yn in kranksinnige muzikale draaikolk, in songen miks dy’t dy tagelyk ta laitsjen en ta triennen twingt.… Lês fierder

Nij op ‘e planke – maart 2013

logo.ensafh

Poëzij

Tsead Bruinja – Mirka Farabegoli – Femke IJlstra

Stofsûgersjongers – Stofzuigerzangers

Afûk, Ljouwert 2013

ISBN 97890 6273 9448

Ferskynt 30 maart 2013

image1

Op 19 april 2010 stjoerde saksofoaniste Femke IJlstra in mailtsje nei dichter Tsead Bruinja oft hy wat fielt foar in gearwurking; in nij projekt mei poëzij en moderne klassike muzyk wêrby’t de langstme nei it dielde Fryske ferline in belangrike rol spylje soe. Bruinja skreau in gedicht oer in buorfrou út it doarp dêr’t er opgroeide, dy’t ûnder it stofsûgjen fan de foarkeamer, mei op ‘e achtergrûn de Arbeidsvitaminen, goed yn ‘e gaten hold wat der allegear foarby kaam.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot (2)

logo.ensafh

Feuilleton
Molwrot

2

Catrinus fertelde Seleina itselde ferhaal as oan it begjin fan ’e jûn, allinne it waard in hiel oar ferhaal, want hy liet it oars einigje. It kaam om’t Seleina him oer it boarst aaide en har hân sa no en dan even nei syn krús brocht.
De earste kear hie er it ferhaal goed ôfrinne litten. De mollen Klaas en Wytse hiene har nei in aventuerlike dei yn alle frede deljûn. No einige er sa: ‘De twa mollen rûnen ticht tsjininoar oan fierder. Klaas sei: “Dêr binne wy goed ôf kommen. Ik hie syn snút oars wol even sjen wollen.’… Lês fierder