Daam de Vries

Straalkanker

logo.ensafh

Yn Japan ite se hynstefleis. Yn België ek, al doare se it dêr sa net te beneamen. By ús wurde jo sa njonkelytsen as krimineel beskôge as jo allinnich al fertelle dat it sa’n 35 jier lyn grut feest wie as ús heit ris mei hynstefleis thús kaam. Wêr’t er it wei hie wit ik net, wêr’t it hjoeddedei noch te krijen is alhielendal net. Us hapkes binne ingeltsjes wurden fan Griet Wiersma besongen.

Maneezje. Romme, skjinne boksen. Binnenbak. Bûtenbak. Lessen. Sealkeamer. Aardige froulju (de measten). It is in wrâld op himsels dy’t foar in grut part in eksakte kopy fan de maatskippij is, al kipet it rabjen der wat út.… Lês fierder

Willem Winters

Leuk

logo.ensafh

Like Noordercompagnie on Facebook

Marita de Jong heeft je uitgenodigd om haar nieuwe pagina Noordercompagnie leuk te vinden.


It heucht my net dat earder de opkomst fan in wurd mei sa’n faasjefermannichfâldige as ‘leuk’.

As ik net oppas brûk ik it sels ek. Ik fyn ek wolris wat leuk. Eat leuk fine, dêr is neat op tsjin, like min as eat net leuk, ja, stomferfelend fine. Elk dy’t wat op internet docht set dêr in knop by om it publyk oan te trunen de fraach ‘vind ik leuk’ te beäntwurdzjen. Wat in ûnsin.

Rekkenje ris rûchwei út hoefolle tiid soks nimt.… Lês fierder

Li Qi, Piter Boersma

in âld boer sit mei de rêch yn ’e sinne

logo.ensafh

de âld boer fan omtrint hûndert moat it lânwurk litte
syn lêste wille is mei de rêch yn ’e sinne sitte
somtiden fangt er in lûs en klaut er him ûnder ’e pet
hy eaget de guozzen nei en falt yn ’e sliep tsjin in sket

Oersetting/bewurking: Piter Boersma

(De oersetting/bewurking berêst net op it Sineeske orizjineel, mar is makke op basis fan de frije oersetting fan W.L. Idema dy’t stiet yn syn standertwurk Spiegel van de klassieke Chinese poëzie. Li Qi libbe fan 690 oant 751.)Lês fierder

Peter Boersma, Hilda Groenesteyn

Raaplokje

logo.ensafh

Der wiene ris in man en in frou dy’t al hiel lang in berntsje ha woene, mar it wie om ’e nocht. Op ’t lêst mocht de frou lykwols hoopje dat de leave Heare har winsk dochs ferfolje soe. De twa hiene in lyts finsterke oan ’e efterkant fan ’t hûs. Dêrwei koe men yn in prachtige tún sjen dêr’t it tilde fan ’e moaiste blommen en krûdeplanten. Mar der stie in hege muorre omhinne en nimmen doarde deryn te gean…”

Sa begjint Raaplokje (Rapunzel), ien fan ’e mearkes fan ’e bruorren Grimm, yn de Fryske oersetting fan Anne Tjerk Popkema.… Lês fierder

Imke Hooijenga

Foto’s nijjierssit ensafh 12 jan 2013

logo.ensafh

Byldferslach fan de nijjierssit yn kafé Wouters te Ljouwert, mei redaksje en meiwurkers fan ensafh. Foto’s makke troch Imke Hooijenga.

Lês fierder