Geart Tigchelaar

De neitins fan in ‘Fries dichter’

logo.ensafh

Earje wy histoaryske figueren út in soarte fan plichtsbesef wei of om’t wy wier trochkrongen binne fan harren fertsjinste dat no noch trochwurket? Is it nedich lju te betinken dy’t it ien en oar dien hawwe foar in beskate saak? Is sa’n monumint yn ’e skiednis allinnich mar bekend by minsken dy’t harren dêr mei dwaande hâlde of wurdt it breed droegen? Op dy fragen sil yngien wurde yn ûndersteand stikje.
Ik wol it nammentlik wolris hawwe oer de bekendheid fan ’e nommele hear Sytstra yn it algemien, dus by de minsken fan hjoed-de-dei. Dêrfoar bin ik ris neigien hoefolle strjitten eins syn namme drage.… Lês fierder

Harmen Sytstra

De Reedriders

logo.ensafh

In selskip fan jonge feinten mei in pear bejierre manlju sitte om ’t grutte fjoer yn in doarpsweardshûs. Folle en healfolle glêzen steane op ’e skoarstienmantel. De hospes dribbelt drok de gelachkeamer op en del om de leechpreaune glêzen op te heljen en syn mingers fol werom to bringen. It petear hat al in toarn duorre, meast altyd oer it reedriden, en faak mei safolle fjoer, dat der wol in stik seis, sân tagelyk oan it wurd wiene. Elk foar oar koe hurdst. Yn ’t ein reitsje fjouwer, Jasper en Ruerd, sa jininoar oan ’t poffen en ligen, dat al de oare, dêr fan ferbluft, allinne it harkjen der ta dogge.… Lês fierder

André Looijenga

Foaropwurd 80: Harmen Sytstra, in ûnmoadieuze âldfaar?

logo.ensafh

Op 4 april 1862 is Harmen Sytses Sytstra ferstoarn. Hy wie skoalmaster yn it doarpke Baard, en liet in jonge widdo en trije lytse bern efter. Mei syn 45 jier stie er midden yn it libben, mar hommels hat de tyfus him weinommen.

Goed 150 jier letter, wolle wy fan Ensafh de oantins eare fan dizze fierste gau ferstoarne ûnderwizer, mei dit lêste digitale nûmer fan de jiergong 2012. Want Harmen Sytstra wie net inkeld master: hy wie in dichter mei grutte taalmacht, in aktivist dy’t de Fryske taal nei in heger plan bringe woe, de redakteur fan Iduna – it earste Fryske literêre tydskrift –, in ynspirearjende autodidakt op it mêd fan taalkunde, in demokraat mei in langstme nei frijheid, en troch dit alles de sintrale figuer yn de Fryske beweging midden 19e ieu.… Lês fierder

Piter Boersma

It Fryske literêre libben (10): In foargonger op it Fryske paad om ris goed nei te sjen

logo.ensafh

Ensafh is op ’t stuit it iennichste folslein Frysktalige literêre tydskrift. De Moanne, ûntstien út it literêre tydskrift Trotwaer wei, kin der net mear nêst setten wurde, it is in algemien kultureel blêd mei noch wat literatuer en net folslein Frysktalich.

Oan it begjin fan it tydskriftewêzen yn de Fryske literatuer stiet it Friesch Jierboekjen, dat mei in ûnderbrekking yn 1832 bestie fan 1831 oant en mei 1835. It waard útjûn troch it yn 1827 oprjochte Friesch Genootschap.
Dêrnei joech it Genoatskip fan 1837 ôf De Vrije Fries út, mar dat wie Nederlânsktalich, mei útsûndering fan Fryske bydragen yn de earste jiergong.… Lês fierder

Tryntsje van der Steege

Fiksje en feiten oer Harmen Sytstra

logo.ensafh

As jo net in soad witte fan Harmen Sytstra en jo wolle dêr feroaring yn bringe, dan liket Kom oer it wetter fan Piter Terpstra in aardich begjin, mar hiel ferhelderjend is it úteinlik net. Mocht it jo lykwols om lânferhuzers healwei de njoggentjinde ieu gean – dêr’t fansels de titel ek op slacht –, dan jout it boek dochs in aardich begjin. Fia Tsjibbe Gearts van der Meulen dy’t as emigraasje-agint optreedt fernimme jo hoe’t it de minsken fergiet dy’t nei Amearika ta wolle en hoe’t it harren dy’t it weage hawwe fergong is. It ferhaal fan Hjerre Folkertsma dy’t alles op alles set om nei Amearika te reizgjen, mar op it lêste momint belies jaan moat om’t syn frou net mei wol en by it skip wei flechtet, is hertferskuorrend – benammen as er in pear jier letter genôch jild fan de rederij weromkriget om it nochris te besykjen: ‘It wie oft er noch wraksele mei syn lêste twivel doe’t er wjerhelle [sic]: “It is te let.”… Lês fierder