Willem Winters

Trinks Brunswiga

logo.ensafh

Myn eagen stienen op stâltsjes, sa’n moai apparaat. Net sa grut, mar wol aardich swier, 3,5 kg, 10 sm heech en 20 sm breed op in grûnplaat fan 17×32. It deksel – dêr’t it apparaat yn meinaam wurde kin, in ier mobyltsje – rint der yn in prachtige bôge oerhinne. It is de Trinks Brunswiga – in rekkenmasine fan krapoan 100 jier, yn ’e hannel brocht troch Adr. Köller en fan Os (Rotterdam).

Oantúgd troch in famyljelid dy’t om 1900 hinne wurke by de Nederlânske Bank en hat 10 skiven, dêr’t de nedige sifers op stean. Fan 1 oant 9 + de 0.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Sinjalemint ‘Dat it streamt’ fan Wilco Berga

logo.ensafh

Wilco Berga soarget foar ûnder oare ‘ferrassende ûntknopingen’ sa ûnthjit ús, as lêzer, de achterflaptekst. En neat is minder wier.
Ik kin no al wol sizze dat de ferhalen stik foar stik mei in soad soarch en belied konstruearre binne. Dat hat der foar soarge dat se foarst goed yninoar stekke en oard dat it yn kreaze styl en opbou skreaun is.
De ferhalen hawwe allegear mienskiplik dat it haadtema ferhâldings tusken minsken binne. Oeral spilet wol wat en meast yn it negative, of sit der alteast in negative diminsje oan. Is dat lykwols yn it echte libben ek net it gefal?… Lês fierder

Friedrich Hölderlin, Piter Boersma

Oan de jonge dichters

logo.ensafh

 

Leave bruorren! Hy ripet faaks wol ús keunst,
Om’t, in jongfeint allyk, hy langernôch gêste hat,
Gau ta it stille fan skientme;
Wês mar from, sa’t de Gryk dat wie!

Leavje de goaden, tink goed fan ’e stjerliken!
Haatsje de roes en de froast! Lear en beskriuw net!
As jim fan de Master eangje,
Freegje de grutte natuer om ried.

Oersetting: Piter Boersma

An die jungen Dichter

Lieben Brüder! es reift unsere Kunst vielleicht,
Da, dem Jünglinge gleich, lange sie schon gegärt,
Bald zur Stille der Schönheit;
Seid nur fromm, wie der Grieche war!

Liebt die Götter, denkt freundlich der Sterblichen!… Lês fierder

Hein Jaap Hilarides

De Frysktalige muzyk fan ûnderstream nei mainstream*

logo.ensafh

In weromsjen op 25 jier Aaipop

Aaipop begûn yn 1987 yn Muzykkafé Nijlân. Nei trije kear wie de belangstelling sa grut dat it festival ferpleatst wurde moast nei doarpssintrum De Mande. De earste kearen yn it kafee ha ik net meimakke. Ik siet yn dy tiid hielendal net yn de Frysktalige muzyk. Fia Rik Meijer kaam ik der foar’t earst mei yn de kunde. Hy spile gitaar yn in gelegenheidsformaasje dy’t ‘Slûge Sibbele syn Soan en de Sipels’ hite. Ik sjoch de poster mei nammen noch foar my. Ferskate trûbadoers en groepen soenen yn de jierren dêrnei bekendheid krije, bygelyks Piter Wilkens.… Lês fierder

Jelma Knol

Edelkitsj as stikeme lêshobby

logo.ensafh

Ik bin ferslave oan Downton Abbey sa’t ik dat ea oan Brideshead revisited wie. Ja, minsken, ik kom der no mar even earlik foar út. Edelkitsj fan de slimste soarte. Om jin dea te skamjen.
De dvd fan diel twa is noch mar krekt ferskynd en ik haw him alwer hielendal besjoen. Yn de tuskentiid moast ik my behelpe mei in oare aadlike húshâlding mei allegear probleemdochters: de beruchte Mitfordsisters. Dêrby ferlike binne de dochters fan Earl Grantham hiele nuete types.

Earst begûn ik mar werris mei de hast stikken lêzen paperbacks Hons and rebels en A fine old conflict fan myn favoryt, left wing Jessica.… Lês fierder

Anne Feddema

Befrijing

logo.ensafh

De frou lei mei de eagen wiid iepen en folslein oanklaaid op har bêd yn ’e healtsjustere sliepkeamer. Op in tafel stie in iepensteande koffer mei ferheistere kleanguod deromhinne en derop smiten. Yn ’e fierte klonk it dreunen fan artillery, it front kaam stadich tichterby. It wie oarloch, dea en ferneatiging sochten har skynber sûnder muoite op ’e nij in wei yn ’e wrâld. Moarnier soenen se har ophelje, se gong nei famylje oan ’e kust, fier fan alle oarlochshannelings ôf. De lêste dei thús hie lykwols prachtich west. De sinne skynde fan ier oant let en de roazen bloeiden, al in pear dagen.… Lês fierder