Friedrich Hölderlin, Piter Boersma

Oan Zimmer

logo.ensafh

 

Oan Zimmer*

Oangeand in minske sis ik, as er goed is
En wiis, wat soe er misse? Bestiet der wat
Dat foar in siel genôch is? Is der ien ier,
Earne ek mar in druvestrûs woeksen,

bysteat om him te sêdzjen? Dit is de sin
derfan. In freon is gauris de leafste, faak
de keunst. Myn bêste, ik sis dy de wierheid.
Daedalus geast en fan ’t wâld is dines.

Oersetting: Piter Boersma

An Zimmern

Von einem menschen sag ich, wenn der ist gut
Und weise, was bedraf er? Ist irgend eins,
Das einer Selle gnüget? Is ein Halm, ist
Eine gereifteste Reb auf Erden

Gewachsen, die ihn nähre?… Lês fierder

Anne Feddema

De roch en it harmoanium

logo.ensafh

It seach der nei út dat de kjeld definityf út ’e loft ferdwûn wie. Jûkelburd hie him weromlutsen oant de folgjende winter. De maitiid wie yn oantocht. In mylde, sâltige maartske wyn weage troch Oostende en berikte ek de sinnen fan fiskferkeaper Hespel. Yn himsels bearend rûn de man by de kratten del dy’t justlyn by him ôflevere wienen. Earsteklas guod, dat wie wol dúdlik. It die bliken dat it mar wat wier wie wat men sei: ‘Goede waar priizget himsels.‘ Withoefolle eagjes seagen him klear, ja sels hast skarlúnsk oan. No en dan klapte der in sturt. Hespel song wolris mei de fisk, sa soe hy no bygelyks in fraai maitydsliet ynsette kinne en der dan goed op lette hokker fiskbekjes it meast ritmysk meibewege soenen.… Lês fierder

Daam de Vries

Friezen fan profesje

logo.ensafh

Fryslân, it bêste lân fan d’ierde. Mei rjocht en reden neame wy dat sa, want wat der yn it bûtenlân allegear wol net bard is net bêst.

Nim no sa’n Berlusconi. In man mei in wat diktatoariale ynslach en in ympearium dêr’t jo it benaud fan krije. Of ien as Strauss-Kahn dy’t net foar ien gat te fangen is. Dat binne de bekendere foarbylden. Is it frjemd dat ynwenners fan sokke lannen it gedrach fan harren ljochtsjende foarbylden begjinne te kopiearjen? By it korrupte om’t ôf?

Immen gerive om wat klear te krijen en yn de posysje wêze dêrfoar immen oars dy’t troch in bloedbân oan de te geriven persoan ferbûn is in baan taskikke.… Lês fierder

Willem Winters, Anneke van Renssen

Sport / Fuotbalje

logo.ensafh

Ik bin gjin sportman.
Justermiddei, de tillefoan giet, Anneke nimt op. Frank, oft ik meiwol nei It Hearrenfean. Spilet tsjin NAC. Ik skodzje ferheftich fan nee, nee! Ik sjoch my al tussen dy skreauwende massa’s sitten. Sneu foar Frank, want hy hie in kaartsje oer. Mar ik haw hielendal neat op mei fuotbal, eins hielendal net mei sport, net om sels oan mei te dwaan, net om nei te sjen.

Nim no dy reedriderij. Rûntsjes ride, altyd linksom, dy lju moate it mei de eagen ticht dwaan kinne. Se trene der jierren op en dan binne se allinne mar goed om sa en safolle baantsjes, net mear en net minder, linksom te riden.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Brún, blank en swart

logo.ensafh

Ik haw grutte bewûndering foar Eeltsje Hettinga. Hoe no? Ik sil it besykje út te lizzen.
Okkerdeis ferskynde by de lytse útjouwerij Perio in pamflet fan Hettinga syn hân, mei as titel De folksnasjonalistyske taal en retoryk achter Fryslân 2040 en KH-2018. Yn dat pamflet wurde sawol it rapport Fan de minsken en de grûn as de notysje Nocht oan de takomst fan kritysk kommentaar foarsjoen.

Ik fyn it in moai, striidber wurd, ‘pamflet’, de Wikipedia seit dit der fan: ‘In pamflet, ek wol manifest neamd, is in geskrift, trochgeans yn printe foarm, mei in aktuele ynhâld of strekking.’ It hat ek wat âlderwetsk, ommers, hoefolle pamfletten sjogge jo hjoed de dei noch?… Lês fierder