Anneke van Renssen

Kastje

logo.ensafh

Op ien of oare manier hawwe Willem en ik de jefte om yn frjemde situaasjes te belânjen. Op it momint sels faak net sa aardich, it soarget bytiden wol foar moaie brike ferhalen. Nim no in pear wike ferlyn: Der waard skille, Willem die iepen. Der stie in man by de doar mei de fraach oft er ús bus eefkes liene koe. Hy hie in kastje op Markplaats kocht mar hie gjin ferfier want de freon dy’t it dwaan soe lei yn it sikehús. Willem antwurde dat it net koe, want wy meie fan ús fersekering allinnich sels ride. No, dan koe ik miskyn wol eefkes mei.… Lês fierder

Tryntsje van der Steege

Romte

logo.ensafh

Romte is nijsgjirrich guod, ik ha der wer aardich wat fan makke de ôfrûne tiid. It giet mei opromjen al krekt as mei himmeljen; as je ien kear begjinne dûkt der hieltyd mear op dat oan de kant moat. Mar no binne der dus wer seeën fan romte, romte yn ’e kast, romte yn de wurkkeamer, romte yn de mailboks en as gefolch fan al it foargeande, romte yn ’e holle.
No ja, romte wie fansels oeral al, it is lykwols wat je dermei dogge dat it gefoel fan romte bepaalt.

It opromjen fan de wurkkeamer wie noch de grutste put.… Lês fierder

Josse de Haan

Eppie Dam syn oersetting fan trettjin fragminten fan Tempel en Kruis

logo.ensafh

Fragminten út Tempel en Kruis fan Marsman – skildere troch R.R.R. van der Leest, oerset troch Eppie Dam foar de Moanne fan it Fryske Boek yn 2011.


Jan Jacob Slauerhoff, Hendrik Marsman en Gerrit Achterberg ûntduts ik op myn santjinde op de Rykskweek yn Ljouwert. Oer Achterberg haw ik in skripsje skreaun foar de haadakte (’62) en oer Tempel en Kruis fan Marsman haw ik by myn stúdzje Middelber Nederlânsk (’78) essays skreaun.
De fitalist Hendrik Marsman hat yn 1939 de bondel Tempel en Kruis publisearre, in prachtige fitalistyske (ekspresjonistyske) bondel oer heidenske, humanistyske en kristlike libbenspaden fan juster en hjoed – oer it Apollinyske en it Dionysyske aspekt yn minsken.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Der wenne in mantsje yn Fryslân dy’t o sa hâlde fan dat lân en benammen fan dy syn kultuer, histoarje en taal. Lykwols waard der troch minsken fakentiids nuver nei harke as er fertelde dat dat syn hobby wie en dat er dêr ek graach syn profesje fan meitsje wolle soe. Dat raasde oan ’e protters, wiene dy minsken fan betinken en soe grif net slagje.

Mar it mantsje wie dwers as kramtied en sette troch mei syn pielerijen. Mar de minsken krigen gelyk. De jildkranen waarden manmachtich tichtdraaid. Alles kaam stil te sitten, it mantsje kaam thús te sitten en koe it allegearre allinnich mar troch syn ruten wei oansjen en folgje.… Lês fierder

Lieke Marsman, Jacobus Q. Smink

Berne

logo.ensafh

Jûns seit in natuerkundige op tillevyzje
dat it ek mûlk is dat it hielal op in dei
net langer oanwinne sil, mar stadich, gystener
as it ljocht, gearslaan sil. Yn dat gefal
soene der nei ús noch triljoenen hielallen
ûntstean kinne en hingje we no inkeld mar
ûnderoan in stambeam fan universa. Tink dy yn
datst dysels inkeld fuortplantsje kinst
troch net mear te bestean.

Moarns, hoenear’t ik by ’t begjin
fan in dei sjoch hoe’t ik op ’e nij begûn bin
mei sykheljen, ferlykje ik dit hinne en werjen
fan stjerren mei myn op en del
geande boarsten, mei de antinne fan
in radio, dy’tst sûnder doel út en yn
triuwen bliuwe kinst en dêrnei,
foarearst myn meast slagge prikken,
mei in seenettel.… Lês fierder