Anneke van Renssen

Sikehûs

logo.ensafh

Ik ha wol ris heard fan minsken dy’t har tariede op ûnferwachte saken. Dy hawwe bygelyks in piama, skjin ûnderguod, in moarnsjas ensfh. klear lizzen foar as se yn it sikehûs belânje. Sa sit ik net ynelkoar. Mei as gefolch dat doe’t ik lêstlyn ûnfoarsjoens op ’e hertbewekking yn it MCL rekke, ik my net allinnich drok meitsje moast oer wat er oan ’e hân wie, mar ek oer wat Willem oan klean foar my meinimme moast. Ik ha net iens in piama, ik ha it leafst sa min mooglik oan yn bed. ‘Nim mar in pear T-shirts mei en wat ûnderguod.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Besprek Langst fan ’e dagen, Janneke Spoelstra

logo.ensafh

No, sjoch ris oan: einlings ris in moaie boektitel! Dêr ûntbrekt it gauris oan yn de Fryske literatuer. Ik neam in pear resinte foarbylden: It ferline oerwûn, It spoar bjuster, It kin wier wêze, Frij as de wyn, Sibbeltsje, De ein fan ’e dyk en gean sa mar troch.

No is der lykwols Langst fan ’e dagen, de twadde dichtbondel fan Janneke Spoelstra, dy’t, neist har poëzijdebút Goeie is it wachtwurd ek de moaie ferhalebondel In Jikselibben it ljocht sjen liet. Ut de titel sprekt weemoed nei de simmers fan alear, sa stel ik my foar.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Sinjalemint Kofje ferkeard fan Margryt Poortstra

logo.ensafh

De nije ferhalebondel fan Margryt Poortstra hannelet oer minsken dêr’t mear mei oan ’e hân is as op it earste gesicht liket. Der binne ferhalen by, lykas it earste (‘De hichte’), dy’t suver ekstreem binne. Mar krekt it moaie is dat se wol oannimlik binne.
Men falt yn alle ferhalen der middenyn en sadwaande hat men wol in pear alinea’s nedich om te begripen wêr’t it ferhaal oer giet. Mar as men dat sa’n bytsje foar it snotsje hat, wol men trochlêze omdat der al gau ferskate fraachtekens te pleatsen binne. Wat is hjir no krekt oan ’e hân. Wat wol no de frou dy’t har as suster útjout fan de ik-persoan yn it ferhaal ‘De suster’?… Lês fierder

Willem Winters

Ferklaaie

logo.ensafh

Ferkearde klean foar de sitewaasje dy’t him foardocht, wa hat der no net ris mei te krijen hân. Jo geane net yn ’e koarte broek nei in begraffenis, de etikette skriuwt soks foar. Mar tsjintwurdich sjogge jo yn stee fan it eartiids ferplichte swart ek guon lju yn harren deistige klean, yn alle kleuren fan ’e reinboge. Dat steurt nimmen.
Gongen myn alden op begraffenis dan moast der liend of wol hierd wurde, want jo moasten de holle bedekke en in swarte jas drage. Wat is hjirfan oer? Net folle tink, de sikstys hawwe de noarmen ek op dit mêd feroare.… Lês fierder