Cornelis van der Wal

Brún Bloed (08, slot)

logo.ensafh

Haadstik Acht (slot): Das Heidenloch

Wagner fansels, sa tocht Rinzema, de Führer syn favorite komponist; om him hinne hearde er lykwols de namme fan iene Bruckner flústerjen, dat soe dan tink ek in ferneamd komponist wêze. De muzyk boaze oan, in katedraal fan koperklanken waard opboud, mei dêrûnder, nee, dêr omhinne wuolle dizenige slierten fan fioelen. Sybe hie der net sa folle doel oer, se wiene thús op de pleats net mei de hegere kultuer grutbrocht, mar hy rekke folslein betsjoend troch de monumintale komposysje.

Wylst it orkest trochspile wiene yn ’e midden fan it heakkekrús, it each sis mar, in stikmannich soldaten dwaande mei it opbouwen fan wat wol in soarte fan koai like.… Lês fierder

Útslach FeRstival 2011 + gedicht Jelle Bangma

logo.ensafh

Starters

1. Merel van Wijk Blauhús Bogerman/Himdyk 47, Snits
Gedicht: ‘Myn wrâld’ fan Jelle Bangma
2. Carmen Venema Wommels Marnekolleezje, Boalsert
Gedicht: ‘Us mem en ik’ fan Eppie Dam
3. Jente van der Hem Poppenwier RSG, Snits
Gedicht: ‘Wykeinheit’ fan Auck Peanstra

Trochsetters

1. Ilja Dijk Burgum Liudger, Burgum
Gedicht: ‘Dyn namme’ fan Tjitske Sijtsma
2. Marie Etta Fopma Gau RSG, Snits
Gedicht: ‘Beppe’ fan Elske Kampen
3. Johan Horjus Burgum Liudger, Burgum
Gedicht: ‘Sprekbeurt’ fan Jouke Douwe de Vries

Toppers

1. Jorn v.d. Schaar Wommels Marnekolleezje, Boalsert
Gedicht: ‘Wat mei dyn wente wêze’ fan Jelle Bangma
2. Doutsen Dotinga Rypstsjerk Gymnasium Beyers Naudé, Ljouwert
Gedicht: ‘Set de klokken stil’ fan W.H.… Lês fierder

Anne Feddema

Earste snie

logo.ensafh

Kommissaris Emil Appelquist rûn yn ’e dizenige hjerstbosk. It wie midden novimber en it soe him net ferbaze as meikoarten de earste snie falle soe. Fan alle kanten kaam it skrassen fan grouwe swarte roeken, dy’t op ’e al folslein keale tûken sieten, op him ta. Appelquist hie lêst fan syn teannen om’t er learzens oan hie dy’t him eins ien of twa maten te lyts wienen.
It byld fan it lytse fanke mei har reade learskes en giele reinjaske koe er net maklik fan it netflues krije. Se hie der fredich by lein op in soart bêdsje mei blêdsjes oer har hinne, as hie de dieder har gewoan bestoppe foar it sliepen gean.… Lês fierder

Friedrich Hölderlin, Piter Boersma

Libbensrin / Lebenslauf

logo.ensafh

 

Libbensrin

Wat grutters woesto ek, mar de leafde twingt
Us allegear del, it lijen bûcht krêftiger
Mar hy draait net foar neat
Us bôge, nei wêr’t er weikomt.

Omheech of omleech! hearsket yn hillige nacht,
Dêr’t de stomme natuer op nije dagen briedt,
Hearsket yn de skeanste ûnderwrâld.
Net wat rjochts, in rjocht ek noch?

Dat waard ik gewaar. Want nea, stjerlike masters lyk,
Ha jim himelsken, jim allesynstânhâlders,
Nei’t ik wit, mei belied
My oer it sljochte paad laat.

Dat de minske alles besiket, sizze de himelingen,
Dat er, trochfuorre, leart om te tankjen foar alles,
En de frijheid ferstiet,
Op te brekken, nei dêr’t er wol.… Lês fierder

Anneke van Renssen, Willem Winters

Afrika, Beethoven, Bolero, Händel / Swarte muzyk

logo.ensafh

Ik ha deis sa myn fêste programma. Om acht oere hinne út bed, twa grutte bakken kofje, de Folkskrante lêze, ûnder de dûs. Om tolve oere hinne in stikje bôle mei tsiis en in gleske molke. Willem soarget dêrfoar. Bytiden wol ik gjin tsiis mar in aaike. Sêft. As ik út ’e bân spring in tosty. Middeis is it tiid foar it echte wurk. Dan moat ik oan ’e gong mei de boekhâlding fan ús soan Marten, ik wit net wat foar oare putten foar him en neitinke oer wat ik no wer skriuwe sil. Tsjin fjouwer oere is it tiid foar myn deistige programma op tillevyzje: ‘Wie is de chef?’  … Lês fierder

Cornelis van der Wal

Brún Bloed (06)

logo.ensafh

Haadstik seis: Ferskining of Dream

Sybe hie wol mei de auto by de Heiligenberg opkinnen, mar woe leaver, om efkes allinnich te wêzen, by de Schlangenweg, in smel, bochtich rotspaad omheech. It wie njoggen oere jûns en al hielendal tsjuster. By elke bocht wiene lykwols sêft knetterjende fakkels oan de muorre befêstige, alsa waard in romantyske, midsieuske sfear oproppen dy’t him tige oanspruts.

Hy rekke wat efter de pûst, it wie steiler as dat er ferwachte hie. Sawat healwei de klim joech er him efkes del op in yn de rots úthakke bankje. It feeërike útsicht op de blaugriene Neckar en de âlde stêd benaam him sawat de siken, en oan de oare kant fan de rivier ferrizen driigjend de swarte ruïnes fan it yn in fier ferline foar in part fernielde  kastiel.… Lês fierder