juster al hjoed net alles is manipulaasje
wy binne fûl op dat útstel tsjin mar stimme foar
út eigen belang jouwe wy harren dy traktaasje
wat wy sa graach wolle sizze sy moarn ja op yn koar… Lês fierder
juster al hjoed net alles is manipulaasje
wy binne fûl op dat útstel tsjin mar stimme foar
út eigen belang jouwe wy harren dy traktaasje
wat wy sa graach wolle sizze sy moarn ja op yn koar… Lês fierder
De trije hearen yn trijedielige pakken, sieten mei strange gesichten efter in grutte, strak foarmjûne tafel. Se wienen lykwols net werklik strang mar foar de gelegenheid hienen se allegearre it antlit yn’e selde beferzen blik setten, as hiene se fan te foaren oerlis hân en mei elkoar ôfpraat, dat dit no ien kear de meast geskikte oanpak fan dizze saak wie. It gehiel seach der ek wol wat út as in sêne fan in toanielstik en dat gefoel waard noch fersterke trochdat de mannen op in ferheging sieten, in poadium, fan it soarte sa’t je dat noch wol tsjinkomme kinne yn doarpshuzen.… Lês fierder
Geart Tigchelaar lêst foar út syn te ferskinen ferhalebondel mei as titel Lúshâlding.
It fragmint dat er foarlêst is it begjin fan haadstik 2. Yn haadstik 1 hawwe se it avontoer belibbe dat Dwatte fan de hûn ôfrûgele is, dy’t hja harren Wrâld neame. Koate, syn twillingbroer, hat him weromhelje moatten. En no belibje se wer wat, sa liket it.
Klik hjir foar it lûdsfragmint.
De folgjende moarns wurde se allegearre tagelyk wekker. It is in bulderjen fan komsa yn de keamer. De wrâld komt gysten yn beweging en springt by de grutte skepsels op. Wat is dit? Se rôlje fan it iene yn it oare, juster it gedonder mei Dwatte en hjoed dit gesoademiter!… Lês fierder
Yn it boek Nietzsche, een biografie van zijn denken, fan Rüdiger Safranski lês ik dit: ‘Myte en mytologisearjen is in byldyntinsive sinjouwing fan wat oars sinleas is. Wat de mytefoarmjende potinsje fan it bewustwêzen hieltyd op ’e nij útdaget, is de ûnferskillichheid fan de wrâld.’
Mar is de wrâld wol ûnferskillich? Is it miskien sa, dat de mins foar de wrâld de ûnferskillige is. Is de mins net gewoan allinne mar ynteresearre yn himsels, hat er net gewoan allinne mar mei himsels te dwaan? Soe it net sa wêze, dat it probleem is dat de mins himsels net iepenstelle kin, sa’t de wrâld dat ek net kin.… Lês fierder
Duo von Däniken presintearret in unike opname út de jierren 30 fan de foarige ieu. It betreft in 78-toerenplaat fan de doedestiids ferneamde sjongeres en gitariste dy’t bekend stie as Beppe Oppewal. Fryslân stjonkt is in oangripend en emosjoneel dokumint.
Klik op de foto
Haadstik Trije: Hart wie Kruppstahl
Neigeraden de trein yn súdliker oarden bedarre, beluts de loft en efkes letter wiske in frisse bui it stof fan de rútsjes. Sybe Rinzema wie, wat reizgjen oanbelanget, nea fierder kaam as Antwerpen. Dat studintereiske like him doe yn it earstoan wol in noflik útstapke ta, mar al nei trije dagen rekke er sa ûnwennich as in kat en de knibbels waarden him weak doe’t er in wike letter de Fryske greiden, de fredich weidzjende kij, de dravende swarte happen en fôlen en it troch fleurich, sêft weevjend beamtegrien omfiemme âlderserf weromseach – nea woe er wer út it Heitelân wei.… Lês fierder
Sûnt jannewaris dit jier wennet Anne Feddema (1961) yn Berlyn. Op it momint is er oan it skilderjen en dwaande mei in nije dichtbondel mei de titel: De kuierder treft de stjerren… en it swarte gat. Earder skreau er de dichtbondels Slapstickiepenbierings (1997), Reidhintsje op ’e Styx (2005), Torpedo’s Los (2010) en de bondel Skúnpútsersgúd (2009) mei in samling fan syn Ljouwerter kollums op Omrop Fryslân. Yn 2009 krige er de Gysbert Japicxpriis foar Reidhintsje op ‘e Styx en yn 2007 de Margaretha de Heer-priis fan ’e gemeente Ljouwert foar syn byldzjende keunst. Ik sykje him op yn syn appartemint yn de Sewanstraße, tsjinoer de Lidl supermerk.… Lês fierder