‘Gelok fynst net troch it finen fan in klaverfjouwer, gelok fynst troch de tiid te nimmen om in klaverfjouwer te sykjen.’
Sigrid Kingma (1989) is dwaande mei in boek en in dichtbondel. Se studearret Nederlânsk yn Grins dêr’t se ek wennet. Oarspronklik komt se fan Drachten. Se is foarsitter fan de Fryske stúdzjeferiening Skanomodu en redaksjelid fan it Skanoskrift. Yn dat tydskrift skriuwt se in rubryk en wurde geregeld gedichten en ferhalen fan har publisearre. Op 2 july oansteande organisearret se foar de twadde kear tegearre mei har suske it metalfestival ‘Fuckpop’ yn Boelensloane.
Hoe giet it mei dyn stúdzje en hoe giet it mei de stúdzje Frysk yn it algemien?… Lês fierder

