Sûnt in jier wenje en wurkje ik yn Oaxaca, in grutte stêd yn it suden fan Meksiko. In jier as wat lyn ha ik in skoftsje yn Meksiko studearre, en sa bin ik yn de kunde kaam mei in wyfke dêr, en in jier lyn ha ik besletten it dêr foar ûnbepaalde tiid te besykjen. Dan komt der by in relaasje faak ek in skoanfamylje om ’e hoeke te sjen, en no blykt de helte dêrfan út in mysterieus plak yn ’e bergen te kommen dêr’t eltsenien it hyltyd oer hat, in plak dat trochgeans oantsjut wurdt mei ‘it doarp’. It moat in ôfgelegen plak wêze mei ekstremen, sa no en dan binne der grutte feesten, mar normaal is it in stil plakje mei in protte natuer.… Lês fierder

