Cornelis van der Wal

Maartje en Arabella

logo.ensafh

Ik bin in grut leafhawwer fan klassike muzyk, dêr meitsje ik gjin geheim fan, al is it fansels, krektlyk as de Fryske taal, net cool. Ik haw dus in dûbele handikap. No hat ús lân, wat de publike omrop oanbelanget, al sûnt 1975 in klassike stjoerder: Radio 4, it eardere Hilversum 4. Ik mocht der altyd graach oer. Sûnt in jiermannich wurdt it beharkjen fan dizze stjoerder my hieltyd dreger makke, en dat komt troch wat ik graach mei in slim, bûtenlânsk wurd Verblödung neam: jo moatte foaral net te djip dolle. Dat hâldt dus yn: gjin komplete stikken mear draaie, flauwe radiospultsjes en, ik doar it hast net op te skriuwen: Maartje van Weegen.… Lês fierder

Jelma Knol

Ald jaske

logo.ensafh

It Frysk is krekt in âld jaske, foar yn hûs, de keuken en de tún. Der komme hieltiten mear gatten yn, mar wy smite it noch lang net fuort. Wy hâlde sa fan dat âlde jaske, it sit sa lekker en rûkt hielendal nei ússels. Soms laapje wy it wer even op: wat ekstra stevich jern om de naden byinoar te hâlden en nije stikjes lear op de earmtakken en dan giet it jaske wer jierren mei. Mar net nei offisjele gelegenheden, fansels.

Ea – noch net iens sa lang lyn – wie der in ideaal: it Frysk is in folsleine taal, gaadlik om te brûken foar alle ûnderwerpen en yn alle fermiddens: thús, op skoalle, yn de polityk en de wittenskip.… Lês fierder

André Looijenga

Sinjalemint: Ûnder wetter

logo.ensafh

Om twa redenen is Ûnder wetter in tige nijsgjirrich boek: it is in roman óér de Fryske identiteit, en it is in dystopysk takomstferhaal oer de ûndergong fan Fryslân. Tiemersma (*1952) hat by it skriuwen fan dit boek de tiidgeast goed oanfield. Wy libje ommers yn in tiid dy’t swier is fan ûndergongsfoarsizzings: tink oan it klimaat en it ranen fan ’e poalkappen, oan it ekonomysk en wrâldpolityk efterútbuorkjen fan it Westen, oan de ferbjustere besunigings yn tiden fan krisis, oan de takomst fan it Frysk as skriuw- en sprektaal, oan it fuortbestean sels fan Fryslân…

Ûnder wetter is in dystopy, in ferhaal wêryn’t hjoeddeiske tinkbylden ta in aaklik takomstfisioen útwurke wurde.… Lês fierder

Beart Oosterhaven

Ynbannigens troef

logo.ensafh

Guon Frysktalige artysten en acts kinst mar better net live sjen. Se dogge dan nammentlik it byld datst by it hearren fan har plaatopnamen fan harren foarme hast, slim ûnderstek. Yn it echt binne se ôfgryslik ‘leaf’ (Grytsje Kingma), ‘braaf en moraalridderich’ (Bauke van der Woude), en/of hawwe se in poadiumpresintaasje en -útstrieling fan nul-komma-nul: it binne deade lullen.
Fan it lêste is it duo Ljoubjr, dat bestiet út Hedser Jan Tijtsma (sang en gitaar) en Eelke Wiegersma (gitaar), in skoallefoarbyld. By de presintaasje fan harren jongste cd Blauwe moanne, ein-novimber ferline jier te Easterlittens, foel it mear oanwêzigen op: net Ljoubjr, mar de útnoege gastartysten Ernst Langhout en Sytse Haima stielen mei har sterke optreden de show!… Lês fierder

Willem Winters, Anneke van Renssen

Dr8888

logo.ensafh

Dr8888

Dr8888 is Dr8888, Dr8888 is Dada, Dada is Dr8888.
Dr8888 is it meartal fan Dr8. Op It Hearrenfean hawwe se ien Dr8, wat net itselde is as iendr8, Dr8888 hat mear as ien 8.

Sa kinne wy noch wol in setsje trochgean, w8888, tr8888, ferw8888, fers8888 ensafh, it is een aardich dadaspultsje. Fansels kamen we der op doe’t wy de eksposysje fan Thijs Rinsema en tiidgenoaten yn Museum Dr8888 besochten.
Prachtich om al dat dadaspul wer ris te sjen, hoewol’t wy it idee hiene dat op de Rinsema-útstalling út 1980 [fan Thom Mercuur] noch hiel wat mear wurken te sjen wiene.… Lês fierder

Hindrik Wiebe Rinzema

Skodzjende ierde

logo.ensafh

It wie in gewoane wurkdei, oant de haad-non fan de katolike skoalle dêr’t ik les jou it lokaal ynkaam en eltsenien nei bûten stjoerde. Dêr krigen we te hearren dat der in grûnskodding west hie, en wat te dwaan yn sa’n situaasje. Gjinien fan de learlingen hie der wat fan fernaam, noch it alarm heard, mar dochs moast it hele protokol neilibbe wurde. Doe’t we werom wiene yn it lokaal, sei ien fan de learlingen tsjin my dat se ûnder it barren oan myn gesicht sjen koe dat ik it net al te serieus naam, en dat sette my oan it tinken.… Lês fierder