Willem Winters

Agnita Feis

logo.ensafh

Freegje ris: wa wie de frou fan Theo van Doesburg [1883-1931]. Hast elk komt dan mei Nelly. Sy en Theo diene mei oan de lêste Dada fjildtocht troch Nederlân yn 1923, dy’t yn Drachten einige mei it ferneamde optreden fan Kurt Schwitters. De Doesburgen en oare dadaïsten lieten it hjir oan Schwitters oer. Oant safier bekende kost.
Dêrnei bringt it boek Avantgarde! Voorhoede? 1) dat ik foar in pear euro’s op de iepen dagen fan Steven Sterk keapje, my op in nij spoar. Want dêryn fyn ik in opmerking oer de earste frou fan Van Doesburg: Agnita Feis [1881-1944], wylst ik net iens wist dat er mear froulju hân hie.… Lês fierder

Piter Boersma

In bekearing mei help fan kofje

logo.ensafh

Yn syn nije dichtbondel Op ‘e kofje yn ‘e kosmos fertelt Jouke Hylkema yn dichtfoarm in ferhaal. It is in wûnderlik ferhaal en dat ferhaal is getten yn in wûnderlik tekstgehiel. De wiidweidige flaptekst makket de lêzer yn it foar paadwiis en dat is yn dit gefal moai meinommen (der stiet sels mear as yn de bondel sels oan gegevens te finen is): ‘Wy skriuwe it jier 2045: twa ierdlingen bemanje it romteskip ‘Nun’ dat al acht jier ûnderweis is nei “Sodom-y’. De NASA tinkt bewiisd te hawwen dat it libben op ‘e planeet oerienkomst hat mei it ûntstean fan it libben op ierde.… Lês fierder

Sigrid Kingma

Tiid, myn maat

logo.ensafh

Lit my in fisk wêze
en net fersûpe
yn it protsje tiid dat ik ha
in fûgel, in fûgel oars!
en fleane, de hiele dei
mei it oersjoch oer de wei
mei de tiid mei

Dat protsje tiid
it hat my te pakken
ik sit yn it tsjuster
sûnder te witen
fan ’t ferfleanen fan ferrin
hoe lang oft dit noch duorret
Blyn..
Wit immen hoe let it is?… Lês fierder

Ulke Brolsma

Big Surprise

logo.ensafh

‘Bisto troud?’ freegje ik. Tsjin my oer sit in jongkeardel fan krekt yn de tweintich, as ik him sa skat. Hy roeit my oer de Ganges. It is seis oere moarns en ik bin op wei nei de ghats fan Varanasi oftewol Benares, de kilometerslange kades dêr’t Hindu Yndia alle moarnen it wetter yn stapt op wei nei de ferlossing. Bygelyks om net as in kikkert werom te kommen op dizze ierde, mar as it efkes kin ien kaste heger of sa. Wat de mannen oanbelanget, leafst net as frou. De Ganges, de smoarchste rivier fan de wrâld. Alle sykten dy’t je betinke kinne sitte fleurich yn it Ganges Hindu pakket.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Snein lêstlyn wie der wer in Literêr Sirkwy, dêr’t in gefolch fan hjir op Poadium stiet: Edwin de Groot mei syn Roomske Monolooch. De tsjerke yn Poppenwier siet grôtfol. Dat betsjut neffens my dat de literatuer libben is. It soe dêrom ferrekte spitich wêze as troch besunigings en wat al net dêr gjin jild mear foar wêze soe. It kulturele klimaat soe dan útstjerre. En dan om ‘e 14 dagen in nije ôflevering fan ensafh op ynternet. En it is net allinnich mar in spultsje fan âlde lju, dat bewiist de debutante Sigrid Kingma mei har gedicht Tiid, myn maat.… Lês fierder